Wedstriden IFKS ôfbrutsen om gebrek oan wyn, freed ynhelle

De wedstriden yn de lytse en de grutte A-klasse fan de IFKS binne ôfbrutsen omdat der net genôch wyn stiet om te silen. Se wurde freed by De Lemmer ynhelle.
Beide wedstriden wienen tongersdei noch wol fan start gien, mar de wedstriidlieding besliste dêrnei dat der te min wyn wie foar in earlike wedstriid. "Ze kwamen niet meer vooruit", seit wedstriidlieder Saskia Westerhoff.
Saskia Westerhoff blaasde de wedstriid ôf
De bedoeling is dat de wedstriden yn de lytse en grutte A freed by De Lemmer ynhelle wurde. De start is tsien minuten nei de finish fan de lêste boat yn de reguliere wedstriid fan de grutte A.
De grutte A begjint freed dan as earste oan de ynhelwedstriid, de lytse A set fiif minuten letter útein.
B-klasse
Yn de B-klasse kaam it skûtsje Lonneke hjoed as earste oer de finish, fan skipper Jilles Bandstra. Dat is opfallend, want dat skûtsje hie in dei lyn in ûngemak by in brêge dêr't de mêst sa bot by skansearre rekke, dat dy net mear brûkt wurde koe. De bemanning hat de hiele dei wurk hân om in ferfangende mêst te regeljen.
Twadde yn de B-klasse waard skipper Sijmen Kalsbeek mei de Raerder Roek, en skipper Age Bandstra mei de Frya Fresena waard tredde.
C-klasse
It skûtsje De Takomst hat foar it earst in dei-oerwinning pakt yn de IFKS. Yn de C-klasse kaam it skûtsje as earste oer de finish yn de wedstriid by Ychtenbrêge.
Earder dizze wike wie ferslachjouwer Andor Faber oan board fan it skûtsje De Takomst. It is in opliedingsskûtsje:
Skûtsjesilen: Dit is de Takomst
Oant no ta stie de Takomst hieltyd yn it rjochterrychje. De bêste útslach wie in alfde plak. Se waarden ek in kear tolfde en fjirtjinde, en ien kear hiene se in falske start.
Klassemintslieder Luuc Elzinga waard twadde in de C-klasse mei de Ut en Thús, en skipper Gerrit de Vries finishte as tredde mei it skûtsje Gerrit de Vries.