Nije doelman Hearrenfean tekenet kontrakt foar twa seizoenen

© sc Hearrenfean
Hearrenfean hat in nije doelman. It giet om Mickey van der Hart (29). Hy spile foarich seizoen foar FC Emmen.
Van der Hart hat in kontrakt tekene foar twa seizoenen. Neffens Hearrenfean hat de klup mei de komst fan Van der Hart wer de beskikking oer 'het gewenste aantal' keepers.
Andries Noppert is no noch de earste doelman fan Hearrenfean. Xavier Mous wie de twadde doelman, mar hy spilet no net mear by Hearrenfean.

'Karakter en ervaring'

"Mickey heeft bijna 250 duels in het profvoetbal achter zijn naam staan", seit algemien direkteur Ferry de Haan fan sc Hearrenfean. "We denken dat het een doelman is die met zijn karakter en ervaring goed past bij de spelersgroep."
Van der Hart hat by Ajax yn de jeugdoplieding sitten, en hy makke yn 2013 syn debút yn it betelle fuotbal foar Jong Ajax. Hy hat ek spile by Go Ahead Eagles en PEC Zwolle.
Yn 2019 gie Van der Hart nei Poalen, dêr spile er by Lech Poznan. Foarich seizoen kaam er nei FC Emmen.