Liveblog | 24 augustus

112-nijs 24 augustus: Brânwacht op einejacht | Man swierferwûne nei fjochtpartij

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 24 augustus, 20:06
20:06

Einliks

© CAMJO media
De brânwacht hat de ein yn it Julianapark te pakken. It bistje is nei in hoeke dreaun dêr't brânwachtlju klear stienen om it te fangen. Dêrnei ha meiwurkers fan de biste-ambulânse de fiskheak út de snaffel helle en sa koe de ein wer frij it wetter yn.
19:47

Brânwacht op einejacht

De brânwacht op einejacht yn it Julianapark yn Ljouwert © CAMJO media
De brânwacht is drok dwaande in ein te fangen yn it Julianapark yn Ljouwert. De ein sit mei syn snaffel fêst yn in fiskheak en moat dêrom eins holpen wurde. De biste-ambulânse stiet al klear mar earst moat de ein fongen wurde. In brânwachtman is it wetter yn gien, foarearst noch sûnder sukses.
19:13

Mear as 15 kilo himp

Boargemaster Buma fan Ljouwert hat in wenning oan de Ceresweg sletten. Dêr is by in trochsiking op 7 maart 15,3 kilo himp fûn. Ut dy wenning wei is ûnder oare drugs levere oan in coffeeshopeigener, meldt de gemeente.
It is foar de tolfde kear dit jier dat Buma in wenning sletten hat. It hûs oan de Ceresweg bliuwt trije moannen ticht.
18:01

Brân op boatsje

© Persbureau Meter
Oan de Oan 'e Dyk yn Snakkerbuorren hat fan 'e middei in brantsje west op in rekreaasjeboatsje. De brânwacht koe it boatsje feilichstelle troch de akku's los te keppeljen. De eigeners en har bisten koenen op tiid fan de boat ôf komme.
16:31

Noch langer minder treinen

It duorret noch langer foardat der wer sprinters ride tusken Zwolle en Meppel, meldt de NS no. De ferfierder ferwachtet dat de problemen oant 23.00 oere duorje.
16:04

Minder treinen

Treinreizgers út de rjochting fan en nei Zwolle moatte rekken hâlde mei fertraging. Tusken Zwolle en Meppel ride der oant 17.45 minder treinen troch in sein- en wikselsteuring.