Gemeente siket oar plak foar arbeidsmigranten, no’t Drachten nijbou krijt

It eardere hotel oan de Eikesingel © Google Street View
Om't Smellingerlân oan de Eikesingel yn Drachten leaver nijbou fan goed hûndert nije wenten wol, sil de gemeente op syk nei in oar ûnderkommen foar arbeidsmigranten.
It nijbouplan 'Eikekwartier' moat op it plak komme fan it âlde Marathonhotel. Ek it eardere Gomarus College en it tsjerklike Ichtus Hûs ferdwine. Der moatte 48 soarchapparteminten, 30 apparteminten foar âlderein, 14 studio's of appartminten yn split-level en 21 apparteminten foar starters komme.

Tichtspikere

Sa'n 14 jier lyn gie it Marathonhotel fallyt. Dernei folgen it Emjee Hotel en Hotel De Stijl, mar ek dy bleaune net lang iepen. Sûnt dy tiid stiet it gebou al leech. De ruten en doarren binne tichtspikere. It plan fan de eigener wie yn 't earstoan om arbeidsmigranten plak te jaan yn it âlde hotel.
"De huidige eigenaar heeft de mogelijkheid om het hotel te gaan verbouwen voor woningen of ruimte voor arbeidsmigranten", seit wethâlder Robin Hartogh Heys. "Maar dat is iets wat wij daar liever niet hebben." It giet om in promininte lokaasje, net fier fan de yngong fan Drachten fan de A7 ôf, en de gemeente hat ferlet fan mear wenromte.
In ympresje fan it plan © Arcom Architecten Veenendaal
Dêrom is Smellingerlân mei de eigener en ûntwikkelder om tafel gien. "Om te kijken of ze bereid zouden zijn om samen met het Gomarus College en het Ichtus Hûs een grote ontwikkeling voor woningbouw te realiseren."
Der komme úteinlik fjouwer wengebouwen op it terrein, sa is it idee no. "De architect moet nog aan het werk om een plan te ontwerpen, zodat er fraaie gebouwen komen. De plek verdient dat ook, vind ik", seit Hartogh Heys.
In ympresje fan it plan, de definitive ûntwerpen folgje noch © Arcom Architecten Veenendaal
Smellingerlân is no wol op syk nei oare lokaasjes foar arbeidsmigranten, yn 'e mande mei eigener Besdam en WeLiving, in bedriuw dat spesjalisearre is yn tydlike húsfêsting.

Kompensearje

De trije partijen hawwe in yntinsjeoerienkomst sletten om, sa't de gemeente it seit, "dit verlies aan huisvestingscapaciteit mogelijk te compenseren."
"Omdat we ons wel verplicht voelen zoeken we naar andere locaties. Ook omdat we dat zelf belangrijk vinden. We weten allemaal dat in Nederland, en dus ook in Smallingerland, ook arbeidsmigranten woonruimte nodig hebben. Wij snappen heel goed dat die behoefte er is."
Mocht alles mislearje, dan soe de eigener yn teory noch wol arbeidsmigranten plak jaan kinne op de lokaasje fan it âlde hotel. "Maar we gaan ervanuit dat dit plan veel draagvlak heeft en gerealiseerd kan worden."