Galama en Van der Wal yn 'e prizen, Rutger Haanstra ljepte it fierst

Ysbrand Galama en Marrit van der Wal © Martin de Jong
Ysbrand Galama einige mei 20,09 meter as klassemintslieder by de senioaren yn de lêste wedstriid yn de fierljepkompetysje. It wie lykwols net de fierste sprong, want dy gie nei Rutger Haanstra, dy't by de junioaren 20,18 meter ljepte.
It wie woansdei de lêste wedstriid foar it Nederlânsk kampioenskip, dat op 2 septimber yn Drylts is. Der waard yn It Heidenskip gjin finale ljept, allinne foarronden. Dus der waard mar trije kear sprongen yn It Heidenskip, al wie net eltsenien dêr yn 't foar fan op 'e hichte.
Ysbrand Galama wist mei 20,09 meter de liederstrui werom te pakken. Thewis Hobma (19,98 meter) en Jan Teade Nauta (19,46 meter) einigen efter him.
Ysbrand Galama waard klassemintslieder
Rutger Haanstra kaam dus fierder as harren. Hy ljepte fuortendaalks syn seizoensrekôr mei 20,18 meter. By de junioaren waarden Wisse Broekstra (19,65 meter) en Germ Terpstra (18,91 meter) twadde en tredde.

De lêste foar Van der Wal

Foar Marrit van der Wal wie it in bysûndere wedstriid, om't sy ophâldt en dit dus har lêste offisjele wedstriid wie. Mei 15,69 meter waard sy woansdei klassemintslieder. Sy gie yn It Heidenskip Sigrid Bokma (15,46 meter) en Femke Brouwer (14,72 meter) foarby.
Marrit van der Wal oer har lêste wedstriid
By de jonges wie de top trije: Timo van de rKnaap (17,49 meter), Mads Tolsma (16,99 meter) en Sietse Lefferts (16,71 meter). By de famkes: Jeltske Terpstra (13,76 meter), Lisanne de Jong (13,75 meter) en Sanne Bouwstra (13,52). Ta beslút de mixklasse: Nard Brandsma (19,51 meter), Minne Smit (18,09 meter) en Douwe Abma (18,08 meter).