In ûngewoan gesicht yn Berltsum: swart mostersied rispe fan Fryske grûn

Sa waard de moster yn Berltsum fan it lân helle
It is in ûngewoan gesicht op Fryske grûn: it rispjen fan moster. Giel mostersied komt wol foar, swart sied is ûngebrûklik. Mar yn Berltsum waard woansdei dochs echt swart mostersied fan it lân helle.
De bedoeling is om it mostersied te brûken foar de Friese Mosterdmakerij yn Warten. Dêr wurdt al langer moster makke, op inisjatyf fan Jacob Nauta. By him komme sa'n 50.000 potsjes it jier wei.
Oant ferline jier makke Nauta syn moster mei sied út Oekraïne, mar troch de oarloch wie dat net mar te krijen. Dit seizoen besiket Nauta dat op te lossen mei moster fan Fryske grûn.
Tiisdei wurke de combine net mei, mar woansdei gie it neffens Nauta goed. "It stie der knap by en de minsken op de combain wisten hoe't sy der mei omgean moasten. Dus it wie yn in koart skoft beslikke."

Heale bunder moster

Der wie in heale bunder beplante. "Net in grut perseel, it is in besyksel", seit Nauta. Hy hopet oer in tal wiken moster te hawwen. "Ik haw der wol betrouwen yn dat it goedkomt."
© Jacob Nauta
De moster is te ferlykjen mei koalsie, fertelt hy. "It binne pûltsjes dêr't de siedsjes yn sitte. It drûget op in gegeven stuit op en dan spatte de pûltsjes iepen. Dat moatte wy eins krekt foar wêze, want wy wolle graach de sied hawwe.
De opbringst foel net ôf. "It liket op it earste each knap, mar it is ôfwachtsjen wat it yn de moster docht. Ik kin dêr noch neat oer sizze, útsein dat it der lyk útsjocht as it sied dat ik altyd keapje."