Einlings is it safier: Lancaster út 1943 ferlost út syn grêf yn de Iselmar

In oersjoch fan de bergingslokaasje © Omrop Fryslân
Op de Iselmar is in begjin makke mei de berging fan de Lancaster ED603, de Ingelske bommewerper dy't yn 1943 delstoarte ûnder Breesândyk. Alle sân ynsitters kamen op it libben, trije lichems binne noch altyd net burgen.
Midden op de Iselmar, op inkelde kilometers fan Breesândyk, is it tiisdeitemoarn in drokte fan belang. It is hjoed de dei dat de Lancaster ED603 nei 80 jier lang om let boppe wetter brocht wurde sil.
Wylst sylboaten noch krekt de lêste moaie simmerdagen meipakke, rinne meiwurkers fan oannimmer Leemans, meallingsbedriuw Mos en Definsje hinne en wer op in grutte stielen konstruksje dy't fjouwer meter boppe it wetter fan de mar utstekt.
In Lancaster út 1943 wer tefoarskyn helje út de Iselmar, sa sjocht dat der út
Mar foar't it safier is moat der noch in soad barre. Yn de ôfrûne wiken is der in stielen bak om it fleantúch hinne boud, in saneamde kofferdaam. Der is besocht om de wanden fan 30 by 30 meter sa goed as mooglik om it 80-jier âlde wrak hinne te setten.
Meiwurkers fan Definsje en Súdwest-Fryslân wachtsje © Omrop Fryslân
It bergjen fan it fleantúch is in hiel sekuer wurk, want om't it Iselmar tige troebel is en der ôfgien wurde moat op sonarbylden en metaaldeteksje, kin der samar wat misgean.
Oant de lêste oeren foar it bergjen úteinset, rinne meiwurkers drok hinne en wer om de lêste (feiligens)kontrôlen út te fieren.

It momint fan de wierheid

Foar de belutsenen is it momint fan leechpompen dan ek in spannende dei. Atty de Haan is de projektlieder fan de gemeente Súdwest-Fryslân, sy is yntusken al in tal jierren dwaande mei de tariedings foar dizze berging.
"It wurdt no yn ien kear hiel echt, sjochst it foar dy barren", seit De Haan. Sy sjocht nei it stille wetter. "It is tige spannend, want sitte wy op de goeie lokaasje. Ik hoopje it wol, mar je hawwe altyd ek wol wat twivels. Ik bin hiel benijd."
De hege kosten fan in fleantúchberging wiene lange tiid in te grutte drompel foar gemeenten om oarlochswrakken te bergjen. Mar yn 2018 is it Nationaal Bergingsprogramma opset, wat it foar gemeenten finansjeel in stik oantrekliker makket om it inisjatyf te nimmen foar in berging.
De ynset fan bygelyks de bergingstsjinst en identifikaasjetsjinst fan Definsje wurdt betelle út dit programma wei. De gemeente is noch ferantwurdlik foar de kosten fan bygelyks de oannimmer, dy't de berging fasilitearret.
Om eksakt 11.30 oere wurde de pompen oanset. "We draaien met zes grote pompen en samen kunnen die duizend kubieke meter water per uur uit de put halen", fertelt Willem Giesberts fan de Leemans Groep, dat as oannimmer ferantwurdlik is foar it technyske part fan it bergingsferhaal.
Yn oparbeidzjen mei underoannimmers Sterk en Mos hawwe se de stielen konstruksje boud en de drainaazje fersoarge.
Yn totaal stiet der sa'n 4 meter 20 oan wetter yn de put. "Dan duurt het dus ruim vier uur voordat de bodem bereikt is", rekkenet Giesberts gau ut.
In tsjil mei landingsstel wurdt sichtber © Omrop Fryslân
De ferwachting wie dat it wrak goed in meter boppe it sânbêd fan de Iselmar útstekke soe, mar wylst de oeren foarbykrûpe, komt der mar neat boppe it wetteropperflak. De oanwêzigen wurde in bytsje senuweftich.
Wat is der oan de han, sitte se wol op it goeie plak? Mar om 18.00 oere hinne komme dan dochs de earste kontoeren fan it fleantúch foar it ljocht.

Grutte losse objekten

Hubert Schuncken is foar Definsje projektlieder foar de put. Hy rint fuort nei syn kollega's ta om de earste kontoeren te tsjutten.
Schuncken wiist op in grut run objekt. "Op 12 uur zie je een band, of een deel van een wiel. Daarnaast zie je een groot bruin gedeelte wat boven water uitsteekt, dat is hoogstwaarschijnlijk een motor, en voor de band ligt een landingsgestel."
Op it earste gesicht liket it relatyf lyts spul wat no boppe wetter komt, de metershege romp fan it fleantúch is nearne te sjen.
"Afgaande op de verhalen zou het vliegtuig maximaal 1 meter 20 in de grond zitten, maar als ik nu kijk dan vermoed ik dat-ie dieper ligt. En dat we nog behoorlijk wat graafwerk moeten doen om het vliegtuig eruit te krijgen."
Bergingsmeiwurkers sjogge wat yn it wetter © Omrop Fryslân
De berging is benammen opset om de trije miste fleaners werom te finen. It is neffens De Haan fan Súdwest-Fryslân net te sizzen wannear't der mear dúdlikens komt oer oft de fleaners noch oan board fan it wrak binne.
"Wy dogge alles wat mooglik is, en wy hope dat we der fluch antwurd op hawwe. We kinne der neat oer sizze. Hy leit der 80 jier en wy witte net wat dermei bard is, mar we hope dat wy se fine."
De kommende wike wurdt ek it leste laachje wetter fuortpompt en sil de grun sa drûch as mooglik makke wurde. Om dan yn septimber útein te setten mei it echte bergingswurk.
De berging is fanwege de feiligens net iepen foar publyk. Der wurdt rekken hâlden mei mooglike eksplosive lading en eventuele fersmoarge grûn.
Mar op 14 septimber wurdt der by Koarnwertersân wol in publyksdei organisearre: dan kinne minsken sjen wat der op de Iselmar bart en wat der sa al boppe wetter helle wurdt. Mear ynformaasje is te finen op in spesjale webside fan de gemeente Súdwest-Fryslân.