Favoriten Tuinenga, Monfils en Zeinstra winne 47ste Frouljus PC

Bliidskip by it winnende partoer © Dijks Media
It partoer fan Ilse Tuinenga, Anne Monfils en Marrit Zeinstra hat de 47ste edysje fan de Frouljus PC yn Weidum wûn. Yn de finale wienen se mei 5-3 6-0 te sterk foar Annet de Haan, Louise Krol en Sjanet Wijnia.
Tuinenga, Monfils en Zeinstra waarden yn it foar al bestimpele as de útsprutsen favoryt en dat makken se fan it begjin ôf oan wier.

Spannende finale

Yn de finale hienen se it lykwols dreech tsjin De Haan-en-dy. Dat kaam benammen troch in sterke Sjanet Wijnia. Under har oanfiering kaam it partoer fan De Haan sels mei 2-1 foar en oant 3-3 gie it lykop.
Dêrnei toanden Tuinenga, Monfils en Zeinstra harren klasse: 5-3 6-0.
Tuinenga-en-dy berikten de finale troch de partoeren fan Roelie Kroondijk (5-1 6-2), Amarins de Groot (5-0 6-4) en Aletta van Popta (5-2 6-6) te ferslaan.
It partoer folget Nynke Sijbrandij, Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra op. Sy wûnen de PC ferline jier.

"Hjirfoar bin ik weromkaam"

Foar Anne Monfils is it de earste kear dat se de PC wint. Se wie eins al opholden mei it keatsen, mar om't Manon Scheepstra krekt in poppe krigen hat, hat se de keatswant dochs wer oanlutsen. "Dit woe ik hiel graach", seit Monfils oer de PC-winst. "Hjirfoar bin ik weromkaam. Echt net te leauwen."
"Sy keatsten supergoed en yn it perk stienen se hiel goed", seit Ilse Tuinenga oer de tsjinstanner. Dochs slagge it om de partij te winnen. "Ik bin superbliid. Dit is it moaiste ea."
Marrit Zeinstra reagearret wat kalmer, mar is ek hiel wiis mei de PC-winst. "It wie dreech, mar it is sa moai dat we as freondinnen de PC winne kinne. Sa slute we it moai ôf." Nei it seizoen hâlde Tuinenga, Monfils en Zeinstra allegear op.
Sjoch hjir nei de earste reaksjes fan de winners:
By it ferliezende partoer wienen der triennen. "Je leauwe deryn, je hawwe in plan en dan wol it gewoan net. Dat docht sear", seit Krol. "It is gewoan kut. We woenen sa graach en it gie goed, mar as it net slagget, docht it sear."

Krekt net

Annet de Haan wie realistysk: "Je bale fansels. Je binne hjir om te winnen, mar we hawwe der in spannende partij fan makke. We hawwe weardich ferlern."
"Dit wie de bêste finale dy't we tsjin harren spile hawwe. Mar ast sjochst nei de kânsen dy't we krigen, dan baalst", seit Sjanet Wijnia. "It wie it hjoed krekt net, mar ik bin wol hiel bliid dat we sjen litten hawwe dat we derby hearre en dat we terjochte de twadde priis wûn hawwe."
Sjoch hjir nei de earste reaksjes fan de ferliezers