Stiens massaal op syk nei útnaaid stjonkdier: "Otto heeft de tijd van zijn leven"

Robin Heida mei it stjonkbist © Robin Heida
De heale befolking fan Stiens is op syk nei ien lyts bistje. In stjonkbist - Otto - rint al in pear dagen los en wol him net fange litte. Hy liket de tiid fan syn libben te hawwen.
Stjonkbist Otto naaide ôfrûne moandei út fan in bisteparkje by wensoarchsintrum Skilhiem yn Stiens ôf. Dêr wie in doarke iepenstean bleaun. "Toen dacht hij: ik pak mijn kans, de wijde wereld in", seit Robin Heida, behearder fan it parkje.
It stjonkbist © Robin Heida
Dy dei waard mei in grutte groep socht yn de greiden, want dêr wie it bist hinne rûn. Om't it sykjen noch gjin resultaat opsmiet, waard de jûn dêrnei in speurhûn ynset. Dy is de lucht fan it bist folge en kaam út yn in wenwyk fan Stiens.

De speurhûn te fluch ôf

"Hij heeft hem geroken, maar waarschijnlijk is hij later van een berm terug over de weg Stiens weer ingedoken", fertelt Heida.
Der binne úteinlik foto's fan Otto yn in wenwyk makke. "Er zijn ook een paar mensen achter hem aan gegaan. Half Stiens zoekt zowat mee, er zijn echt veel mensen die naar hem uitkijken."
© Robin Heida
Otto is net in swart-wyt stjonkbist sa't wy dy kenne fan films of searjes, mar hy hat in sjampanjekleur. "Het zijn gedomesticeerde beesten, die zijn zo gefokt. Ze zijn ook kleiner dan 'gewone' stinkdieren en ook te krijgen in een lavendelkleur of chocoladekleur", leit Heida út.
Otto heeft waarschijnlijk de tijd van zijn leven.
Robin Heida, behearder fan it bisteparkje yn Stiens
Heida tinkt dat Otto it stjonkbist wol yn Stiens bliuwt, want dêr hat er genôch te iten. Iten út ôffalbakken bygelyks. Oerdeis lit er him net sjen, benammen nachts is er aktyf.
"Voor Otto is deze wereld nieuw, natuurlijk. Allemaal nieuwe geuren. Hij heeft waarschijnlijk de tijd van zijn leven", seit Heida. "We denken dat hij in een woonwijk zit. Hij is voortdurend aan de wandel. Maar we geven nog niet op."

Otto byt wol fan him ôf

Benaud dat Otto troch oare bisten oanfallen wurdt, is Heida net: "Otto is geen lief mannetje. Hij heeft scherpe klauwen en kan goed bijten, gaat dan drie keer stampen. Bovendien denkt hij dat hij de vrouwtjes nog moet verdedigen."
De berms del, op syk nei Otto © Robin Heida
Katten en hûnen bliuwe dus wol út de buert. Syn gedrach makket it lykwols net makkelijk om him te fangen. "Het was makkelijker geweest als er een vrouwtje was ontsnapt, die kun je gewoon knuffelen, ze komen zo op je af."

Seldsum

It bisteparkje wol Otto graach werom. It bist is tige kostber want benammen mantsjes binne seldsum. "Stinkdieren worden steeds zeldzamer. Door strengere regelgeving mag je ze niet als huisdier houden, wij hebben natuurlijk wel vergunningen. Maar echt mooie dieren zijn moeilijk te vinden."
Sa is Otto ruile foar twa froutsjes. Hy moat soargje foar neikommelingen, sa is de bedoeling.
Robin Heida fertelt graach oer bisten. Mar piken en geiten ken eltsenien wol: Heida fynt just de krekt wat bysûndere bisten leuk, lykas stjonkbisten dus. "Mensen vinden het supergaaf en apart. Maar ze zijn heel lief."

Tomatesaus

Otto is wol syn wichtigste ferdigeningswapen kwyt. De stjonkklieren ûnder de sturt wurde op jonge leeftiid fuorthelle by de bistjes.
Mei de speurhûn op 'en paad © Robin Heida
"Als je in zo'n wolk terechtkomt, moet je volgens de ervaren stinkdierkenners twee weken in een bad met tomatensaus", seit Heida. Wêrom tomatensaus? "Geen idee, maar niets anders schijnt te helpen."
Sa kaam ien kear in man fan in bistetún yn in Mercedes in bist opheljen dy't de klieren noch wol hie. "Na een halfuur was hij terug, een groene wolk kwam uit zijn openstaande raampje en even later stond hij in de berm over te geven."
Foar in stjonklucht hoege Stienzers har lykwols gjin soargen te meitsjen. "Deze stinkdieren kunnen niet sproeien, al zit er wel een duidelijk luchtje aan." Tichtby it bist komme is wol op eigen risiko.
Wa't Otto sjocht kin it bêste kontakt mei Robin Heida opnimme fia syn Facebook of Instagram-account. Delkomme by it bisteparkje kin ek.