Liveblog
|
23 augustus
112-nijs 23 augustus: Troch oanriding gjin treinen tusken Grins-Bûtenpost | Yllegale ielfisker by Snits
Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.
Lêst bywurke: 23 augustus, 22:14
22:14
Hea yn 'e brân op It Hearrenfean

Oan de Oranje Nassauleane op It Hearrenfean rekke woansdeitejûn in bulte hea yn 'e brân. Der kaam in soad reek by frij. De brânwacht ried mei twa weinen út om it fjoer út te meitsjen, dat slagge yn in kertier. Oer de oarsaak fan de brân is neat bekend.
20:03
Fisker mei iel oppakt yn natuergebiet by Snits

By in kontrôle hawwe griene boa's in fisker yn de omkriten fan Snits oanholden dy't op iel fiske hie. Hy lei mei in boat yn Natura 2000-gebiet en hie noch libbene iel by him yn plestik pûdsjes. Om't dy tichtknoopt wiene, wie de iel heal yn 'e sûs.
Iel is in beskerme fisk, minsken meie it net yn besit hawwe. De man hat dêrom in proses-ferbaal krigen. De iel is wer frijlitten. De griene boa's diene de kontrôle út namme fan de FUMO (Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing), foar de provinsje.
17:35
In skoft gjin treinen tusken Grins-Bûtenpost

Troch in oanriding ride der op dit stuit gjin treinen tusken Grins en Bûtenpost. De ferwachting is dat dit oant likernôch 21.00 oere duorret. De trein leit der út sûnt 17.30 oere. Der ride wol stopbussen tusken Zuidhorn, Grijpskerk en Bûtenpost.
17:18
Negatyf swimadvys foar Ulesprong by Sint Nyk

Foar swimlokaasje Ulesprong by de Tsjûkemar jildt foarearst in negatyf swimadvys. De FUMO (Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing) hatde warskôging ôfkundige yn ferbân mei blau-alch. It advys is mei buorden op lokaasje oanjûn, oare lokaasjes dêr't wat mei it wetter is, binne te finen op zwemwater.nl.
13:50
Man yn Ljouwert oanhâlden dy't noch 42 dagen finzenisstraf útsitte moast
De plysje hat in 22-jierrige Ljouwerter dy't noch 42 dagen finzenisstraf iepen stean hie oanhâlden.
By in besite oan syn adres hearde de plysje de dûs. Nei oanbeljen gie de dûs út, seach de man út it raam, mar kaam net nei de doar.
Doe't de plysje-aginten om it hûs hinne rûnen, seagen sy de man op it platte dak fan de kajút lizzen.
Doe't de man seach dat hy gjin opsje mear hie fuort te kommen, kaam er beneden en waard er oanhâlden.
12:08
Blau-alch fûn yn Spoekeplas
Gemeente Weststellingwerf warskôget foar blau-alch yn de Spoekeplas by Noardwolde.
De gemeente ropt op net yn it wetter te swimmen en ek de hûn net yn it wetter te litten.