Liveblog
|
23 augustus
Dit wie de 47ste Frouljus PC fan slach oant slach
Yn dit blog hâlde we jo op de hichte fan de lêste ûntwikkelingen oangeande de Frouljus PC yn Weidum.
Lêst bywurke: 23 augustus, 18:32
18:32
Tuinenga keninginne
Ilse Tuinenga is útroppen ta keninginne fan de 47ste Frouljus PC. Dat hie se sels net ferwachte. "Ik fûn mysels net útsûnderlik goed. Ik hie Anne (Monfils, red.) op ien", laket se.

18:30
Sjoch hjir nei de earste reaksjes
17:49
Tuinenga, Monfils en Zeinstra winne!
It is klear. Ilse Tuinenga, Anne Monfils en Marrit Zeinstra winne de 47ste edysje fan de Frouljus PC. Se winne de finale mei 5-3 6-0.
17:46
5-3
Dit wie in wichtige. Marrit Zeinstra slacht de bal boppe en dêrmei wurdt der in gatsje slein: 5-3. Noch ien earst hawwe Tuinenga-en-dy nedich.
17:39
Tuinenga op 4-3
In flaterke fan Louise Krol, dy't de bal kwea weromslacht. It is in djoer flaterke, want it jout Tuinenga-en-dy in nije foarsprong: 4-3.
17:31
De Haan-en-dy jouwe net op
Der sit folle mear spanning yn de wedstriid as op foarhân tocht. Annet de Haan, Louise Krol en Sjanet Wijnia fjochtsje harren nei 3-3. De grutte favoriten Ilse Tuinenga, Anne Monfils en Marrit Zeinstra kinne it ferskil noch net meitsje.
17:26
Tuinenga wer oan de lieding
Ilse Tuinenga, Anne Monfils en Marrit Zeinstra lykje net ûnder de yndruk fan de efterstân fan krekt. Se helje it fiifde earst sûnder problemen binnen en komme dêrtroch op 3-2.
17:20
2-2
Favoriten Tuinenga, Monfils en Zeinstra skrokken efkes, mar it lykwicht is werom yn de wedstriid. It is no 2-2.
17:14
De Haan op 2-1
Ferrassende ûntwikkelingen yn Weidum. Yn it tredde earst komme Annet de Haan, Louise Krol en Sjanet Wijnia op in grutte efterstân, mar oan de hân fan Wijnia komme se werom en winne se it buordsje. 2-1 foar De Haan, wa hie dat tocht?
17:08
1-1
Annet de Haan, Louise Krol en Sjanet Wijnia hawwe in plantsje betocht: de perkopstelling is oars as by de oare partijen en dat docht fertuten. Se komme op likense hichte: 1-1. Hinget der in ferrassing yn de loft?
16:57
Finale úteinset
We binne los by de finale tusken de partoeren fan Annet de Haan, Louise Krol en Sjanet Wijnia en Ilse Tuinenga, Anne Monfils en Marrit Zeinstra.
It earste buordsje is in proai foar it partoer fan Tuinenga.
16:27
Emoasjes by partoer Van Popta
"We hawwe sa fochten en dan is it yn ien kear oer, dan komme der triennen", seit Gerde Lycklama à Nijeholt nei ôfrin fan de healefinalepartij tsjin it partoer fan Ilse Tuinenga.
"We stienen der mei syn trijen, mear siet der op dit stuit net yn", konkludearret se.

16:19
Tuinenga nei de finale
Aletta van Popta, Jeska Terpstra en Gerde Lycklama à Nijeholt hawwe it Ilse Tuinenga, Anne Monfils en Marrit Zeinstra net maklik makke, mar it wie net genôch.
It favorite partoer wint mei 2-5 6-6.

16:10
4-2
Aletta van Popta, Jeska Terpstra en Gerde Lycklama à Nijeholt pakten op kreaze wize in spul tsjin Ilse Tuinenga, Anne Monfils en Marrit Zeinstra, mar yntusken is it gatsje wer twa: 4-2.
Van Popta-en-dy lykje hast ferslein.

15:56
3-1 Tuinenga
It partoer fan Aletta van Popta jout de titelfavoryt, it partoer fan Ilse Tuinenga aardich tsjingas. Dochs is der in gatsje yn it foardiel fan Tuinenga-en-dy: 3-1.
15:37
Heale finale is los
Aletta van Popta, Jeska Terpstra en Gerde Lycklama à Nijeholt stride mei Ilse Tuinenga, Anne Monfils en Marrit Zeinstra om in plak yn de finale.
It earste buordsje is foar Tuinenga-en-dy.
15:25
Programma heale finale
Heale finale
Partoer 1 | Partoer 2 |
4. Aletta van Popta, Jeska Terpstra en Gerde Lycklama à Nijeholt | 8. Ilse Tuinenga, Anne Monfils en Marrit Zeinstra |
9. Annet de Haan, Louise Krol en Sjanet Wijnia | Steand nûmer |
15:23
Utslaggen twadde omloop
Twadde omloop
Partoer 1 | Partoer 2 | Utslach |
1. Nelie Steenstra, Mintje Meintema en Aluca Bouma | 4. Aletta van Popta, Jeska Terpstra en Gerde Lycklama à Nijeholt | 1-5 0-6 |
6. Amarins de Groot, Larissa Smink en Noa Elzinga | 8. Ilse Tuinenga, Anne Monfils en Marrit Zeinstra | 0-5 4-6 |
9. Annet de Haan, Louise Krol en Sjanet Wijnia | 12. Iris Veltman, Lisanne Scharringa en Senne Idsardi | 5-2 6-2 |
15:23
Earste finalist bekend
Annet de Haan, Sjanet Wijnia en Louise Krol binne de earste finalisten by de 47ste edysje fan de Frouljus PC.
Se wienen fierstente sterk foar Iris Veltman, Lisanne Scharringa en Senne Idsardi: 5-2 6-2
Yn de heale finale hawwe De Haan-en-dy in steand nûmer.

14:55
De Haan op wei nei de finale
De lêste partij yn de twadde omloop giet tusken de partoeren fan Annet de Haan en Iris Veltman.
Oant no ta hat De Haan gjin problemen mei Veltman. It is 3-0.
De winner fan dizze partij is de earste finalist fan de 47ste Frouljus PC.

14:47
Van Popta troch nei de heale finale
Aletta van Popta, Jeska Terpstra en Gerde Lycklama à Nijeholt binne troch nei de heale finale. Se ferslaan Nelie Steenstra, Mintje Meintema en Aluca Bouma mei 5-1 6-0.
Foar Bouma wie it har lêste wedstriid. Sy hâldt ek op mei keatsen.

Van Popta-en-dy spylje yn de heale finale tsjin Ilse Tuinenga, Anne Monfils en Marrit Zeinstra.
14:37
Van Popta op 4-1
By de partij tusken de partoeren fan Nelie Steenstra en Aletta van Popta is der in gatsje slein. Van Popta-en-dy steane mei 4-1 foar.
14:29
Maklike partij foar Tuinenga-en-dy
Ilse Tuinenga, Anne Monfils en Marrit Zeinstra litte der gjin misferstân oer bestean hokker partoer favoryt is om de Frouljus PC te winnen. Se ferslaan yn de twadde omloop Amarins de Groot, Larissa Smink en Noa Elzinga mei 5-0 6-4.
14:11
Tuinenga dinderet troch
Topfavoriten Ilse Tuinenga, Anne Monfils en Marrit Zeinstra dinderje troch. Se steane yntusken al mei 3-0 foar yn de partij tsjin Amarins de Groot, Larissa Smink en Noa Elzinga
14:09
Dit is de twadde omloop
Twadde omloop
Partoer 1 | Partoer 2 |
1. Nelie Steenstra, Mintje Meintema en Aluca Bouma | 4. Aletta van Popta, Jeska Terpstra en Gerde Lycklama à Nijeholt |
6. Amarins de Groot, Larissa Smink en Noa Elzinga | 8. Ilse Tuinenga, Anne Monfils en Marrit Zeinstra |
9. Annet de Haan, Louise Krol en Sjanet Wijnia | 12. Iris Veltman, Lisanne Scharringa en Senne Idsardi |
14:01
De útslaggen fan de earste omloop op in rychje
Earste omloop
Partoer 1 | Partoer 2 | Utslach |
1. Nelie Steenstra, Mintje Meintema en Aluca Bouma | 2. Romy Postma, Elly Hofman en Gerbrich Koster | 5-1 6-2 |
3. Anna Ennema, Andrea Kroes en Marije Hellinga | 4. Aletta van Popta, Jeska Terpstra en Gerde Lycklama à Nijeholt | 1-5 2-6 |
5. Wybrig Bakker, Lotte Delgrosso en Fiera de Vries | 6. Amarins de Groot, Larissa Smink en Noa Elzinga | 4-5 4-6 |
7. Roelie Kroondijk, Corrie Kroondijk en Jennie Terpstra | 8. Ilse Tuinenga, Anne Monfils en Marrit Zeinstra | 1-5 2-6 |
9. Annet de Haan, Louise Krol en Sjanet Wijnia | 10. Annelien Broersma, Rixt Wijnia en Anna-Dieuwke Dijkstra | 5-1 6-0 |
11, Moniek Lootsma, Marsha Broersma en Rixt Blanke | 12. Iris Veltman, Lisanne Scharringa en Senne Idsardi | 0-5 0-6 |
13:49
De Haan-en-dy nei de twadde omloop
Annet de Haan, Sjanet Wijnia en Louise Krol meitsje gjin flater tsjin Annelien Broersma, Rixt Wijnia en Anna-Dieuwke Dijkstra.
Broersma krijt blommen nei ôfrin fan de partij. Sy hâldt op mei keatsen.
Ek de partij tusken Iris Veltman, Lisanne Scharringa en Senne Idsardi en Moniek Lootsma, Marsha Broersma en Rixt Blanke is út. Veltman-en-dy winne mei 5-0 6-0.

13:44
Iensidige partijen
De striid tusken de suskes Wijnia (Sjanet en Rixt) liket de kant fan Sjanet op te fallen. It is no 5-1 foar har en har maten Annet de Haan en Louise Krol.
Ek de oare partij ferrint iensidich. Iris Veltman, Lisanne Scharringa en Senne Idsardi steane mei 4-0 foar tsjin Moniek Lootsma, Marsha Broersma en Rixt Blanke.
13:31
Annet de Haan sjit út de startblokken
It partoer fan Annet de Haan, Louise Krol en Sjanet Wijnia hat oant no ta gjin problemen mei Annelien Broersma, Rixt Wijnia en Anna-Dieuwke Dijkstra. It stiet 3-0.
13:28
Wa komt op dit boerd?

13:10
De Groot ferslacht Bakker
Amarins de Groot, Larissa Smink en Noa Elzinga hawwe harren pleatst foar de twadde omloop. Nei in spannende partij winne se mei 5-4 6-4 fan Wybrig Bakker, Lotte Delgrosso en Fiera de Vries.
Yn de twadde omloop moatte De Groot-en-dy tsjin Ilse Tuinenga, Anne Monfils en Marrit Zeinstra.
13:03
Tuinenga, Monfils en Zeinstra meitsje gjin flater
Se gunden Roelie Kroondijk, Corrie Kroondijk en Jennie Terpstra in earst, mar dêrnei wie it ek wol klear. Favoriten Ilse Tuinenga, Anne Monfils en Marrit Zeinstra winne mei 5-1 6-2. Sy kinne harren opmeitsje foar de twadde omloop.

12:51
De Groot komt op 5-3
By de partij tusken de partoeren fan Wybrig Bakker en Amarins de Groot gie it lykop, mar no wurdt der foar it earst in gatsje slein. De Groot komt op 5-3. Noch ien buordsje en dan is de twadde omloop binnen.
12:21
Favoriten yn it fjild
In falske start foar Ilse Tuinenga, Anne Monfils en Marrit Zeinstra, de grutte favoriten foar de oerwinning. Sy ferlieze it earste earst fan Roelie Kroondijk, Corrie Kroondijk en Jennie Terpstra. It is no wol wer 1-1, dus der is noch neat oan de hân foar Tuinenga-en-dy.
By de partij tusken Wybrig Bakker, Lotte Delgrosso en Fiera de Vries en Amarins de Groot, Larissa Smink en Noa Elzinga hinget der ek in likense stân oan de telegraaf: it is spullen gelyk.

12:06
Steenstra troch nei twadde omloop
Nelie Steenstra, Mintje Meintema en Aluca Bouma hawwe harren fersekere fan in plakje op de twadde list. Sy winne mei 5-1 6-2 fan Romy Postma, Elly Hofman en Gerbrich Koster.
11:56
Bakker tsjin De Groot
De tredde partij fan hjoed is niiskrekt úteinset Wybrig Bakker, Lotte Delgrosso en Fiera de Vries nimme it op tsjin Amarins de Groot, Larissa Smink en Noa Elzinga. It earste buordsje is foar De Groot-en-dy.
By Steenstra tsjin Postma is it no 5-1.
11:42
Earste útslach bekend
It PC-aventoer sit der alwer op foar Anna Ennema, Andrea Kroes en Marije Hellinga. Sy kamen mei 5-0 efter tsjin Aletta van Popta, Jeska Terpstra en Gerde Lycklama à Nijeholt. Doe pakten se noch in buordsje om de eare te rêden, mar in omkear siet der fansels net mear yn. De partij einige yn 5-1 6-2.
Ek Nelie Steenstra, Mintje Meintema en Aluca Bouma lykje harren opmeitsje te kinnen foar de twadde omloop. Sy steane mei 4-1 foar tsjin Romy Postma, Elly Hofman en Gerbrich Koster.

11:32
Sa waard de Frouljus PC iepene
Sfearbylden fan de Frouljus PC
11:25
Earste tuskenstannen
Nelie Steenstra, Mintje Meintema en Aluca Bouma steane mei 2-1 foar tsjin Romy Postma, Elly Hofman en Gerbrich Koster. Dat lêste partoer pleatste har fia de keats-off foar de PC.
Aletta van Popta, Jeska Terpstra en Gerde Lycklama à Nijeholt hawwe oant no ta gjin problemen mei Anna Ennema, Andrea Kroes en Marije Hellinga. Sy steane mei 3-0 foar.
11:06
We binne los!
De 47ste edysje fan de Frouljus PC is begûn. Partoeren 1 en 2 en 3 en 4 nimme it tsjin elkoar op.
Nelie Steenstra (dy't ynfalt foar de blessearre Serena Hovenga), Mintje Meintema en Aluca Bouma spylje tsjin Romy Postma, Elly Hofman en Gerbrich Koster.
Anna Ennema, Andrea Kroes en Marije Hellinga nimme it op tsjin Aletta van Popta, Jeska Terpstra en Gerde Lycklama à Nijeholt.
10:54
De ferslachjouwers binne der klear foar

10:46
Sa sjocht de lotting derút
Der steane hjoed 12 partoeren op de list yn Weidum. Favoriten Ilse Tuinenga, Anne Monfils en Marrit Zeinstra treffe yn de earste omloop Roelie Kroondijk, Corrie Kroondijk en Jennie Terpstra.
Outsiders Annet de Haan, Louise Krol en Sjanet Wijnia kinne de favoriten pas yn de finale treffe en hawwe op papier dus in geunstige lotting.
De lotting fan de 47ste Frouljus PC
Partoer 1 | Partoer 2 |
1. Nelie Steenstra, Mintje Meintema en Aluca Bouma | 2. Romy Postma, Elly Hofman en Gerbrich Koster |
3. Anna Ennema, Andrea Kroes en Marije Hellinga | 4. Aletta van Popta, Jeska Terpstra en Gerde Lycklama à Nijeholt |
5. Wybrig Bakker, Lotte Delgrosso en Fiera de Vries | 6. Amarins de Groot, Larissa Smink en Noa Elzinga |
7. Roelie Kroondijk, Corrie Kroondijk en Jennie Terpstra | 8. Ilse Tuinenga, Anne Monfils en Marrit Zeinstra |
9. Annet de Haan, Louise Krol en Sjanet Wijnia | 10. Annelien Broersma, Rixt Wijnia en Anna-Dieuwke Dijkstra |
11, Moniek Lootsma, Marsha Broersma en Rixt Blanke | 12. Iris Veltman, Lisanne Scharringa en Senne Idsardi |
10:32
Hoe is it om alles te winnen?
Se wûnen dit jier sân fan de acht frijeformaasjepartijen en geane dus as topfavoryt de Frouljus PC yn: Ilse Tuinenga, Anne Monfils en Marrit Zeinstra. Mar hoe is it om sa bot boppe de rest út te stekken? Géjanna Dijkstra kin deroer meiprate.
Mei Afke Hijlkema wûn Dijkstra - doe noch Géjanna Buma - yn tsien jier njoggen kear de PC. Earst mei Riska Hazenberg as foarynse, letter mei Wiesje van der Berg en doe noch twa kear mei Debora Oosterman.
"Foar ús gefoel stutsen we der hielendal net fier boppeút", seit Dijkstra. "It ferfeelde yn elk gefal noait."

10:16
Louise Krol hopet op goede PC
Nei in jierrenlange skouderblessuere hopet keatsster Louise Krol fan Ie it woansdei goed te dwaan op de Frouljus PC yn Weidum. It is yntusken alwer seis jier lyn dat se mei Sjanet Wijnia en Imke van der Leest foar in grutte ferrassing soarge troch de titel te pakken. Sûnt dy tiid hat se hast altyd mei skouderklachten omgean moatten, mar it giet no lang om let wer de goede kant op.
10:08
Seis PC-debutanten
Oan dizze PC dogge seis debutanten mei. It giet om Iris Veltman, Gerbrich Koster, Romy Postma, Moniek Lootsma, Marsha Broersma en Rixt Blanke. Foar harren wurdt it dus hoe dan ek in bysûndere dei.
09:58
Weidum is der klear foar
09:55
"Voorspelbaarder dan ooit"
Neffens keatskenner Fenna Zeinstra is de Frouljus PC dit jier "voorspelbaarder dan ooit".
"Voor een spannende PC moeten we naar de andere partijen gaan kijken, want in alle potjes met het partuur-Tuinenga zullen we geen spanning zien", seit se.

09:46
Wa wurde de opfolgers fan Sijbrandij, Scheepstra en Zeinstra?
Earst efkes werom nei ferline jier. Doe gie de oerwinning nei it partoer fan Nynke Sijbrandij, Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra.
Twa fan dy trije dogge dit jier net mei. Sijbrandij is ophâlden mei it keatsen en Scheepstra hat krekt in poppe krigen.
Zeinstra keatst no mei Ilse Tuinenga en Anne Monfils. Sy binne hjoed de grutte favoriten.

09:45
Goeiemoarn!
Wolkom yn dit liveblog. Hjiryn hâlde wy jo de hiele dei op de hichte fan de lêste ûntwikkelingen oangeande de 47e Frouljus PC yn Weidum. We binne derby fan de earste oant de lêste slach.
Njonken dit liveblog is Omrop Fryslân der ek de hiele dei by op de radio en fan 14.00 oere ôf ek op telefyzje.