Dizze seilmakkers besykje de skûtsjes sa hurd mooglik farre te litten

De naaimasine yn de kûle kin it stive doek fan it skûtsjeseil ferwurkje © Omrop Fryslân
Yn de silerij wurde der hieltyd hegere easken oan it materiaal steld. It seil moat perfekt op it skûtsje stean om de bêste resultaten te krijen.
Seilmakkerij Molenaar út Grou is tegearre mei De Vries Sails Makkum hôfleveransier fan de SKS en IFKS. Seilûntwerper Jaap Jongsma fan De Lemmer wit dat der noch in protte te ferbetterjen is oan de seilen.
Sa wurde de seilen fan skûtsjes makke
Foar mei-eigener en seilûntwerper Jaap Jongsma betsjut it dat er gjin fakânsje fiert yn de boufak as it skûtsjekampioenskip dwaande is. "Meastal bliuwe wy wat yn de buert, je wolle it nijs meikrije, je binne leafhawwer, dus je wolle it folgje. En de gesellichheid is ek hiel tichtby, dat is ek net ûnbelangryk."
Tegearre mei De Vries Sails Makkum is Molenaar de hôfleveransier fan de seilen fan de SKS © Omrop Fryslân
De ôfmjittings fan de skûtsjeseilen steane fêst, mar dat betsjut net dat der neat ferbettere wurde kin. "It resept fan de ko is sjen of je in DNA yn it profyl fan de seilen krijst. Dat se better prestearje kinne." Jongsma hat jierren ûnderfining en wurket graach gear mei de skippers. Tegearre kinne sy de seilen trochûntwikkelje.
Jaap Jongsma is mei-eigener en seilûntwerper by Molenaar yn Grou © Omrop Fryslân, Larissa Lokenberg
Der is gjin oplieding foar seilûntwerper, dus ha se by Molenaar ynset op yntern minsken opliede foar de takomst. Ek soan Jens Jongsma, bekend fan it kommentaar jaan by it skûtsjesilen, wurket yn it bedriuw. En sa is de hiele famylje besmet mei it sylfirus.
Wat de klant syn hobby is, is myn hobby ek.
Jaap Jongsma, seilûntwerper
It moaiste oan syn fak is it kontakt mei de klant en dat omsette yn ferbettering. "Ik sis wol es, ik boartsje mei de wyn. En dy sjoch je net. Dat is de útdaging."

Grouster skûtsje

No't it Grouster skûtsje kampioen wurden is fan de SKS, kin Jongsma grutsk wêze op syn wurk. Of hie hy dochs leaver it Lemster skûtsje winnen sjoen?
"Dy binne ferline jier kampioen wurden! Dat wie in prachtich sukses. En je binne Lemster yn hert en nieren."
Mar Jongsma fynt it ek moai as oaren it goed dogge. Mei in Molenaar-seil, sa idel is er wol. "Mar Grou die it fantastysk, se ha in goed team."