Mear as 100 nije wenningen yn Drachten, op plak fan âld hotel

Yllustraasje fan nijbou oan de Eikesingel, mei links de rotonde mei de fytsbrêge en yn it midden it takomstige Eikekwartier © Arcom Architecten Veenendaal
It kolleezje fan Smellingerlân jout grien ljocht foar de bou fan mear as 100 nije hûzen yn Drachten. It giet om 48 soarchapparteminten, 30 âldereinapparteminten, 14 studio's of ûnder-boppewenningen en 21 startersapparteminten.
Dy nije wenningen komme oan de Eikesingel, yn it saneamde Eikekwartier. Dat is oan de súdkant fan Drachten, ticht by de A7.
Wethâlder Robin Hartogh Heys van de Lier seit dat de gemeente in goed en fariearre wenningoanbod ha wol. "Het Eikekwartier is hier een prachtig voorbeeld van, waarmee we diverse doelgroepen, jong en oud, bedienen. Drie participatiebijeenkomsten met omwonenden hebben geleid tot deze planontwikkeling, die in de toekomst zorgt voor een stijlvolle toegangspoort in Drachten."
Om plak te meitsjen foar de nije hûzen wurdt ûnder oare it gebou fan it eardere Marathonhotel sloopt. Earder hat der sprake fan west dat dêr arbeidsmigranten yn ûnderbrocht wurde soene, mar dat is no fan de baan.