200 winkelkuorkes ferdwûn út supermerk: "Alle kearen reitsje se wer fuort"

© ANP
Besikers fan de Jumbo yn Burgum kinne foarearst allinnich winkelweinen brûke, gjin kuorkes. Hast alle kuorkes binne dit jier ferdwûn.
Begjin dit jier waarden sa'n 200 nije kuorkes levere, yntusken binne se allegear wer fuort. "Wêr't se bleaun binne, witte wy net, mar wy binne der wol klear mei om alle kearen nije te bestellen", seit assistint-filiaalmanager Jelmer Grasman.
It bliuwt neffens Grasman in riedsel wêrom't minsken de kuorkes meinimme, mar it soe kinne dat se as waskkoer of foar oare saken brûkt wurde. Meiwurkers fan besoarchbedriuwen sjogge geregeld winkelkuorkes by minsken thús stean. "Bring se mar gewoan werom, want it bliuwt wol eigendom fan ús", seit Grasman.
RTV NOF wie by de supermerk yn Burgum:
Hy doart noch net mei wissichheid te sizzen oft der oait wer nije kuorkes yn syn winkel komme. "We ha op in bepaald stuit sein: dit is de lêste kear dat we se bestelle, om't we der wol klear mei binne. Alle jierren kinne we 300 kuorkes bestelle en alle kearen binne se wer fuort. Op in gegeven momint hâldt dat wol in kear op, want it is wol in grutte kostepost."
Grasman is der net benaud foar dat klanten oerstappe nei oare winkels. "Ik ha heard fan kollega's dy't in oare winkel besochten dat se dêr ek gjin kuorkes hiene fanwege itselde probleem. Ek dy winkels dogge oproppen op bygelyks Facebook fan: bring asjebleaft ús kuorkes werom."
Oare supermerken yn de provinsje werkenne it probleem, sizze se yn in rûnfraach fan Omrop Fryslân. Tagelyk jouwe se oan dat it net wat is fan de lêste tiid, mar dat it al langer spilet
De klanten yn Burgum ha oer it algemien begryp foar it ûntbrekken fan de kuorkes.
"Ik vind het wel lastig, maar ik heb over het algemeen nooit heel veel boodschappen, omdat ik alleen ben dus ik kan het zo wel tillen", seit ien klant. In oar fertelt: "It is ûnhandich, want as je lytse boadskippen dwaan moatte, moatte je no of in karre pakke of it yn de hannen hâlde. Ik fyn it dus net ideaal, mar ik snap it bedriuw wol."