Deade protters en pylgerstocht: 'De reis' is it tema fan keunstrûte Open Stal

Wurk fan Olaf Mooij © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Under it tema 'De Reis' kinne belangstellenden it wurk fan sa'n 45 keunstners besjen. De wurken binne tentoansteld op de keunstrûte Open Stal yn Aldeberkeap.
Neist byldzjende keunst op tweintich lokaasjes is der by dizze edysje foar it earst ek in 'flankearjend' programma, seit foarsitter Peter Hiemstra. "Dat betsjut dat we ûnder oare in stik of fiif lêzingen hawwe fan keunstners dy't meidogge. We hawwe in film sjen litten: De reis van de grutto."
Sneontejûn wie der in optreden yn de tsjerke. "In prachtich konsert oer de Winterreise fan Schubert", seit Hiemstra. "Yn it Drintsk, Dútsk en it Stellingwerfsk. Dat wie in projekt foar ien kear en de tsjerke siet fol. It wie echt geweldich."
Sabine Liedtke by har wurk '100' © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
It wurk fan Sabine Leidtke út Drachten stiet foar de reis nei it ferline en de syktocht nei de eftergrûn fan har Dútske famylje, benammen dy yn de Twadde Wrâldoarloch.
Hûndert deade protters fan keramyk binne symmetrysk ophongen yn it CAV-gebou. "Ik zag in 2019 een hele grote zwerm spreeuwen bij Feanwâlden. Dat inspireerde mij om een eigen zwerm te maken. Ik heb in mijn atelier een vriezer met dode vogels, waaronder ook spreeuwen. Eén is mijn favoriet en die is mijn model geweest voor dit werk."

Taboe

Neidat se tsien jier lyn in foto fan har Dútske pake yn Wehrmacht-unifoarm seach, begûn se te graven yn har famyljeskiednis út dy tiid. Dat hie altiten in taboe west.
Se is doe ek op reis gien nei lokaasjes as it wenhûs fan har pake en nei Ruslân. "Het idee was dat ik bij nesten uitkwam. Uit welk nest kom je en wat voor invloed heeft dat op je? En toen kwam ik uit op vogels." De protters, allegear kreas op rigen, dogge wol tinken oan soldaten yn gelid.
Keunstrûte Open Stal yn Aldeberkeap
Yn it Molenbosk binne foto's te sjen mei sitaten derby. Dat is it wurk Walking with Rumi fan Roelant Meijer. Hy makke in reis troch Turkije op wei nei de tombe fan filosoof Rumi. Underweis op syn pylgerstocht dielde hy sitaten út oan foarbygongers en sette se dêrmei op de foto.
De organisaasje is tefreden oer de belangstelling. Nei trije fan de fjouwer wiken hawwe der sa'n 6.000 besikers west. De 52e edysje fan Open Stal is noch oant en mei nije wike snein.