Liveblog | 22 augustus

112-nijs 22 augustus: Grutte brân yn Dronryp | Deade by ûngelok yn Surhústerfean

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 22 augustus, 21:16
21:16

Marko Kinderman fan de brânwacht oer de brân yn Dronryp

Sa wist de brânwacht slimmer foar te kommen yn Dronryp
21:06

Botsing yn Ljouwert

Oan de Egelantierstrjitte yn Ljouwert hat tiisdeitejûn in ûngelok west tusken in auto en in scooter. De bestjoerder fan de scooter rekke ferwûne by de botsing. It slachtoffer is mei in ambulânse nei it sikehûs ta brocht. De strjitte hat in skoftke ôfsletten west foar it ferkear. De auto en de scooter rekken skansearre by it ûngelok.
© AS Media
18:50

Himpkwekerij oantroffen by Aldehaske; fertochten oanholden

De loadsen oan de Jousterwei, krekt foar Aldehaske © ProNews Producties
De plysje hat in himpkwekerij oantroffen oan de Jousterwei, krekt bûten Aldehaske. Der binne twa fertochten oanholden: in 22-jierrige man fan Spanbroek en in 25-jierrige man fan Alkmaar. De plysje kaam de lokaasje op it spoar nei meldingen fan fertochte situaasjes om de loadsen hinne.
Nei besite fan de plysje die bliken dat der in himpkwekerij yn sitten hat. Dy wie al net mear yn wurking, mar der leine noch wol in soad resten himp en guod fan de kwekerij. De twa manlju wurde fertocht fan it produsearjen fan softdrugs. De plysje hat tiisdei drok west mei it opromjen.
18:03

Hynstestâl folslein útbaarnd

By de brân yn Dronryp is de hynstestâl efter de buorkerij folslein útbaarnd. De brân wie oerslein op it wenpart, mar de brânwacht koe foarkomme dat it fjoer him fierder útwreide en dat it wenpart folslein ferlern gie.
Yntusken is it sein 'brand meester' jûn. De kâns dat it fjoer him fierder útwreidet is net sa grut.
De bewenners fan it pân binne bot oandien. Datselde jildt foar guon hynders dy't efkes útnaaid wienen. Yntusken binne dy wer wat bekaam. Ien persoan is fanwegen it ynazemjen fan reek kontrolearre troch ambulânsepersoniel. De brânwacht lit fierder witte dat der gjin asbest yn 'e brân rekke is.
17:50

De brânwacht oan it wurk yn Dronryp

16:49

Grutte brân yn Dronryp

© Omrop Fryslân, Aise van Beets
Oan de Rewerterdyk yn Dronryp stiet in part fan in pleats yn 'e brân. De flammen komme út it gebou en de reekwolken binne yn de fiere omkriten te sjen. De brânwacht hat it oer in 'zeer grote brand'.
Brânwachtploegen fan Mantgum en Wommels binne oproppen. De brêgen om Dronryp hinne bliuwe it kommende healoere ticht, sadat de helptsjinsten gau te plak wêze kinne.
Bylden fan de brân yn Dronryp