Thijs Römer giet yn heger berop tsjin selstraf yn sedesaak, IM ek

Thijs Römer by de rjochtbank yn Assen © ANP
Akteur Thijs Römer giet yn berop tsjin de selstraf dy't er oplein krigen hat. Hy waard twa wiken lyn feroardiele ta trije moannen finzenisstraf, wêrfan twa ûnder betingst. Ek it Iepenbier Ministearje giet yn berop.
Römer waard troch de rjochter skuldich befûn oan it ferlieden fan famkes en it krijen fan berneporno. Tusken 2015 en 2017 hat er online foto's mei tekstberjochten fan seksuele aard útwiksele mei trije minderjierrige famkes, wêrfan ien út Fryslân.
De trije slachtoffers joegen oan gjin 'nee' sizze te kinnen tsjin fersiken fan de akteur omdat sy benaud wiene it kontakt mei harren idoal te ferliezen.
Njonken de finzenisstraf krige Römer in wurkstraf fan 240 oeren oplein en hy moat him behannelje litte by in ynstelling foar geastlike sûnenssoarch.
Ik herken mij te weinig in het beeld dat uit het vonnis naar voren komt.
Thijs Römer
"Wat er is gebeurd kan en wil ik niet goedpraten", seit Römer. "Ik heb destijds in het online contact fouten gemaakt. Dat realiseer ik mij terdege. Ik vind het verschrikkelijk dat zij hieronder hebben geleden en dat spijt me heel erg."
"Het hoger beroep is niet bedoeld om afbreuk te doen aan dat leed. Ik had me graag willen neerleggen bij de uitspraak van de rechter, maar daarvoor herken ik mij te weinig in het beeld dat uit het vonnis naar voren komt."

Heger berop Iepenbier Ministearje

Net allinnich Römer giet yn beorp, dat docht it IM ek. "Het hoger beroep dat door het OM is ingesteld ziet met name op de vrijspraak voor feit 2 - het onverhoeds toesturen van een naaktfoto - en niet op de door de rechtbank opgelegde straf", seit in wurdfierder tsjin it ANP. "Het OM wil graag dat het gerechtshof zich juridisch gaat buigen over feit 2."
It heger berop sil tsjinje yn Ljouwert. In datum is der noch net foar.