Striidber pakt dei-oerwinning op Sleattemer Mar yn A-klasse IFKS

Steven Zijsling fan de Striidber hat it earste plak pakt yn de A-klasse fan it IFKS skûtsjesilen op de Sleattemer Mar. Hy bleau Ton Brundel en Sikke Heerschop foar.
"Hy rûn moai, dit is geweldich", seit Zijsling nei ôfrin fan de race. Zijsling promovearre ferline jier fan de B-klasse nei de A-klasse. "De bemanning is presys gelyk, se reitsje hieltyd mear op elkoar ynspile." Dat betellet him no dus út mei in dei-oerwinning.
Steven Zijsling nei syn oerwinning op de Sleattemer Mar
Yn it klassemint behâldt Sikke Heerschop mei de Ingelskman de lieding, foar it skûtsje Sterke Jerke fan Pieter-Jilles Tjoelker. Dy twa dienen ferline jier ek mei om de winst yn it einklassemint, doe luts Tjoelker oan it langste ein.
Zijsling stiet mei de Striidber op it sânde plak yn it klassemint.
Sjoch hjir foar de dei-útslach by de grutte A's:
Yn de lytse A-klasse gong de winst nei Andries Brouwer hat mei it Goutunmer Skûtsje. It wie de twadde wedstriid dy't er dizze wike wûn, mar it is net genôch foar de kopposysje yn it klassemint.
Dêryn giet giet Harm van der Weiden oan de lieding mei it skûtsje In Nije Dei. Dy waard tredde op it wetter by Sleat. Herke Boskma waard mei it Lytse Famke twadde yn de lytse A-klasse.
B-klasse
Yn de B-klasse pakte Sijmen Kalsbeek mei de Raerder Roek syn twadde dei-oerwinning op in rige. Achter Kalsbeek kaam Jimte Koopmans mei it skûtsje Deviatie as twadde oer de streek, it tredde plak wie foar de Ebenhaëzer fan Olphert van der Pol.
Tim Roosgeurius, fan it skûtsje Wâldwiif, waard fjirde en giet oan kop yn it klassemint mei 14 punten. Dêrnei komme Kalsbeek (16,8) en Van der Pol (19,0).
C-klasse
It skûtsje Ut en Thús fan Luuc Elzinga hat foar de tredde kear de deipriis pakt yn de C-klasse. Der binne no yn totaal fjouwer wedstriden syld yn de IFKS.
De iennige kear dat Elzinga net wûn, waard er tredde. Dy wedstriid mei er ôflûke. Yn it klassemint giet hy no stiif oan kop mei 2,7 punten.
Op it wedstriidwetter by Sleat waard Gerrit de Vries twadde, mei it skûtsje Gerrit de Vries. Hy stiet ek twadde yn it klassemint. Simon van der Lingen mei it skûtsje Galamadammen finishte yn Sleat as tredde yn de C-klasse.