Opnames foar dramasearje oer saak-Vaatstra úteinset

Plysjes by it hûs fan Jasper S. © ANP
Yn Grinslân wurde dizze wiken opnames makke foar in dramasearje oer de saak-Vaatstra. Dêr wurde noch figuranten foar socht.
Earder melden we dat de searje op losse skroeven stie, omdat it streamingsbedriuw Viaplay in ferlies makke hie fan miljoenen euro's. No is dúdlik wurden dat de opnames úteinset binne.
De Jacht (op Jasper S.) is in Nederlânske dramasearje dy't ynspirearre is op de syktocht nei de moardner fan de 16-jierrige Marianne Vaatstra. Se waard yn 1999 dea fûn yn in greide by Feankleaster.
© Omrop Fryslân
It duorre trettjin jier foardat de dieder pakt waard: feehâlder Jasper S. út Aldwâld. Dêrfoar waard jierrenlang tocht dat de dieder in asylsiker wie.
"Het laat zien hoe Nederland voor het eerst werd geconfronteerd met hardnekkige complottheorieën, aangewakkerd door sociale media", skriuwt de produsint dêroer.
Doe't Jasper S. ienkear oanholden wie, diene de twa broers en trije sussen fan Marianne Vaatstra foar it earst har ferhaal yn Need op Freed:
Yn Grinslân binne der no opnames foar de searje. Neidat RTV Noord dêr omtinken oan jûn hie, binne der in protte oanmeldingen fan figuranten binnenkaam, meldt it castingburo.
Der wurde noch wol minsken socht, benammen mannen. Foar de measte frouljusrollen binne der yntusken genôch figuranten, meldt it castingburo.
De searje wurdt produsearre troch de Amsterdamske produsint Pupkin (Van God Los). Dêr wolle se neat sizze oer de opnamen.
"Nee, over de inhoud van de productie kunnen we niks zeggen", seit in wurdfierder fan Pupkin tsjin RTV Noord. "Over waar en hoelang wij nog draaien evenmin, sorry."

30 figuranten yn de tún

Yn Grinslân wurde we wol wizer. RTV Noord prate mei minsken út Bellingwolde. Dêr hat de filmcrew twa wiken dwaande west mei opnames.
"De crew kwam bij ons", fertelt Marchien Edens. "Mogen wij gebruik maken van uw garage als kantoor? Oh jawel hoor, zeiden wij, dan zetten wij de auto wel buiten neer."
Dêr bleaun it net by. "Toen vroegen ze of bij ons op het terras wel wat mensen mochten zitten. Nou, dat was prima, dus hadden we hier zo'n dertig figuranten in de tuin zitten."
"En hier, naast de deur, stonden wat kapsters, met allerlei pruiken enzo. En overal stonden kledingrekken. Het leek wel een halve kringloopwinkel."
Neffens de webside fan it castingburo binne der yn alle gefallen dizze en nije wike noch opnames yn Grinslân.
It is noch net dúdlik wannear't de searje te sjen is.