"Andries Noppert moat nei in topklup om yn byld te bliuwen by Oranje"

As Andries Noppert ek de kommende jierren foar it Nederlânsk alvetal keepe wol, dan moat hy nei in grutte klup. "Eltse wike op topnivo spylje, elts jier Europeesk fuotbal, dat is in must."
Noppert fertelde snein nei de útwedstriid tsjin FC Utrecht (2-0 winst) dat hy mei sc Hearrenfean yn ûnderhanneling is oer kontraktferlinging.
Hy fynt syn wurkjouwer in 'fantastyske klup' en hat ferskate kearen trochskimerje litten dat hy graach bliuwe wol, mar wol syn hantekening pas sette as Hearrenfean him in kontrakt foar meardere jierren oanbiedt.
Sa fier sil it lykwols net komme, tinkt âld-Hearrenfeanspiler Maarten de Jong. "Voor de club zou het mooi zijn, maar voor Noppert zelf is het beter om de stap naar een hoger niveau te zetten. Met alle respect voor Heerenveen, maar van de keeper van het Nederlands elftal verwacht je dat hij bij een grote club speelt."
Ajax of Feyenoord?
De transfermerk slút op 1 septimber en dus hat Noppert noch twa wiken om in nije klup te finen. Mooglik wurdt de doar yn Amsterdam of Rotterdam foar him iepenset, om't likegoed de earste doelman fan Ajax (Géronimo Rulli) as fan Feyenoord (Justin Bijlow) foar langere tiid útskeakele is troch in blessuere.
"Feyenoord past goed by him", sa wurdt unanym konstatearre yn de Sportcast. "It karakter fan dy klup, hurd wurkjen en gewoan dwaan, strielt Noppert ek út."

Ek sc Hearrenfean mei neffens Maarten de Jong noch wol de transfermerk op. De klup hat nei twa wedstriden dan noch wol de maksimale skoare, mar it alvetal sjocht der neffens him noch hieltyd kwetsber út.
Yn de iepeningswedstriid tsjin RKC, foel it team nei it skoft fier werom en snein hie Hearrenfean gelok dat Utrecht (nettsjinsteande twa ballen op de latte) te min spile om de tsjinstanner yn de problemen te bringen.
"Van Wonderen moet zich meer laten gelden"
En wat De Jong oanbelanget, mei trainer Kees van Wonderen him wol wat mear jilde litte. "Hij staat vaak onbewogen langs de lijn. Hij mag van mij wel iets meer coachen. Je moet natuurlijk geen act opvoeren, maar je moet je zo nu en dan wel laten gelden. Fritz Korbach kon dat vroeger als geen ander, die wist precies hoe hij een speler moest prikkelen."
Ultee makket op my ek in bettere yndruk as ferline seizoen.
Tritich kilometer noardliker, yn Ljouwert, kin Cambuurtrainer Sjors Ultee oant no ta reedlik tefreden de balâns opmeitsje. Nei de misêre fan ferline seizoen doe't in soad minsken harren al gau deljoegen by degradaasje, hearsket neffens Cambuurwatcher Geert van Tuinen no wer in positive sfear by de klup. "Der wurdt wurke, it spul is aardich om nei te sjen, der bart wer wat. Ja, it is aardich."
"Ultee makket op my ek in bettere yndruk as ferline seizoen", seit Van Tuinen. "Ofrûne seizoen siet hy mei Alflen as assistint, wylst net echt dúdlik wie wat syn rol wie. En Bosschaart, dy't ek assistint wie, mar dy't fuort moast. De twa binne no fuort. Ultee komt resoluter op my oer, hy is echt de baas."
'Haadpriis' foar Bangura
Mei fjouwer punten út twa duels sit Cambuur boppedat yn it spoar fan de klups dy't as titelkandidaten beskôge wurde: FC Grins, Roda JC, NAC, Willem II en MVV.
Dochs is Van Tuinen benaud foar te hege ferwachtings. "Ik sjoch Cambuur net fuortendaliks as kandidaat foar de top-trije. FC Grins is de grutte titelfavoryt en dêrefter sit in hiele rige klups dy't elkoar net in soad ûntrinne. Lit Cambuur foaral in lekker seizoen draaie."
En ja, ek yn Ljouwert wolle se noch wol in slach slaan op de transfermerk, wit Van Tuinen. "Se hoopje Alex Bangura ferkeapje te kinnen, mar dêrfoar wolle se wol de haadpriis. Hast in miljoen."
Presintator Eric Ennema praat yn de Sportcast mei ald-Hearrenfeanspiler Maarten de Jong. Cambuurwatcher Geert van Tuinen en ald-sportsjoernalist Wybren de Boer oer de ûntwikkelings yn it Fryske betelle fuotbal. De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen.