Sikke Heerschop fersteviget lieding yn klassemint nei oerwinning by Heech

De Ingelskman (foaroan) soe as earste oer de streek komme © Martin de Jong Fotografie
De Ingelskman mei skipper Sikke Heerschop hat de IFKS-silerij yn de A-klasse op de Hegemer Mar wûn.
Heerschop bleau Wietse Bandstra mei de Redbad en Piter Jilles Tjoelker fan de Sterke Jerke foar.
Bliidskip op de Ingelskman © Omrop Fryslân, Andor Faber
De útslach fan de wedstriid by Heech:

Utslach grutte A's

Skûtsje Skipper Punten
1. Ingelskman Sikke Heerschop 0,9
2. Redbad Wietse Bandstra 2
3. Sterke Jerke Pieter-Jilles Tjoelker 3
4. Grutte Geert Wytse Heerschop 4
5. Jonge Jasper Froukje Osinga 5
6. Eelkje II Jeroen de Vos 6
7. Westenwind Daan van der Meer 7
8. Striidber Steven Zijsling 8
9. 't Swarte Wief Jaap Hofstee 9
10. Verwisseling Bas Krom 10
11. Eeltje Baas Klaas Kuperus 11
12. Waaksdom Ulbe Zwaga 12
13. Ora et Labora Sietse Broersma 13
14. It Doarp Eastermar Geale Tadema 14
15. Ut 'e Striid Gerrit Huisman 15
16. Lytse Lies Ton Brundel 17
Yn it klassemint bliuwt it spannend: Heerschop gie al oan de lieding en bout syn foarsprong dus út, mar Tjoelker stiet mar 2,2 punten efter.
De earste reaksje fan deiwinner Sikke Heerschop
Sijmen Kalsbeek fan de Raerder Roek meldt him nei in oerwinning by Heech yn de top-trije fan de B-klasse.
Klasbeek bleau op de Hegemer Mar Aeger van der Hoeff mei de Drie Gebroeders en Tim Roosgeurius fan it Wâldwiif foar.
Roosgeurius giet oan de lieding yn it klassemint. Henk Regts mei De Trije Doarpen folget op twa en Kalsbeek stiet no tredde.

Ut en Thús wint by de C's

Yn de C-klasse pakte Luuc Elzinga fan Jirnsum de twadde dei-oerwinning mei de Ut en Thús. It skûtsje giet dêrmei oan de lieding yn it klassemint.
Remy de Boer fan de Eenvoud kaam as twadde oer de streek. It skûtsje fan Harns sylt dêrmei syn bêste wedstriid.

Hille Wichers wint yn lytse A-klasse

Yn de lytse A-klasse gie de dei-oerwinning nei Hille Wichers mei de Tiid Sil 't Leare. Berndt de Cneudt fan de Lutgerdina Smeltekop kaam as twadde oer de einstreek en Sander Meeter fan de Vriendschap wie tredde. Dy lêste giet oan de lieding yn it klassemint.

Fjouwer klassen

Oan it Iepen Frysk Kampioenskip skûtsjesilen (IFKS) dogge yn totaal mear as 60 skûtsjes mei. Dy binne ferdield oer fjouwer klassen, de grutte A, B en C en noch in lytse A-klasse. Yn dy lêste sile skûtsjes dy't koarter binne as 17.10 meter.
It Iepen Fryske Kampioenskip (IFKS) duorret oant en mei sneon. De wedstriid fan de A-klasse is alle dagen live te folgjen fia de radio.
Op telefyzje giet presintator Andor Faber op syk nei de ferhalen achter it IFKS. Syn ferslach is alle dagen te sjen nei it nijs yn Fryslân Hjoed.