Fan twa nei tûzenen: mekkerjende lângeiten op de 25e keuring op De Harkema

In lângeit: hy stiet leech op de poaten, hat lang hier en in prachtige sik. Fan it wykein wienen der hûnderten fan te finen op de keuring yn De Harkema.
En sa fanselssprekkend is dat hielendal net. Krekt nei de Twadde Wrâldoarloch wiene der noch mar twa eksimplaren fan de soart oer. Wa't yn it Rijksmuseum in geit op in skilderij fan in Hollânske master ûntdekt, sjocht miskien wol nei in Nederlânske Lângeit: it is de iennige geitesoart dy't syn oarsprong yn Nederlân fynt.
Tûzenen Nederlânse lângeiten mekkerje by keuring yn Harkema
It is yn De Harkema in bûnte gearkomste fan Nederlânske lângeiten. Baaskes út alle wynstreken sette sneon yn de fruittunen fan De Spitkeet alles op alles om harren bistjes sa kreas mooglik foar it krityske each fan de sjuery te krijen. De geiten sitte moai yn it hier en guon binne sels fersierd mei lapen stof of hawwe plommen yn de hoarnen.
Oan krekt sokke geiteleafhawwers is it hjoeddeiske bestean fan de Nederlânske lângeit te tankjen. Troch krusingen mei bûtenlânske soarten wiene der nei de oarloch nammentlik noch mar twa fan dizze geiten oer.
Foarsitter Sijbe Roosma wit wêrom oft it der no wer mear binne: "Hobby. Yn de jierren '70 hawwe der fokprogramma's west en yn de jierren '80 is der we mear belangstelling foar kaam." Sûnt dy tiid is de populaasje groeid oant de túzenen dy't der no binne.
Berneprogramma
En sûnt 1998 wurdt der op De Harkema keurd. Dit jier wie der foar it earst in rubryk foar de jeugd: bern koene sa ek in rûntsje rinne mei de geit. Echte prizen wiene dêr net by te fertsjinjen: alle bern krigen in medalje foar har ynset.