Liveblog
|
21 augustus
112-nijs 21 augustus: Trije kij ferstoarn troch donggassen | Njoggen dagen gjin treinen tusken Ljouwert en Akkrum
Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.
Lêst bywurke: 21 augustus, 18:16
18:16
Trije kij ferstoarn by ynsidint yn Snits
17:13
Njoggen dagen gjin treinen tusken Ljouwert en Akkrum
Fan 26 augustus oant en mei 4 septimber ride der gjin treinen tusken Ljouwert en Akkrum. ProRail wurket yn dizze perioade oan it spoar by Akkrum.
Om't de sprinter net giet, sil de intercity dizze njoggen dagen in ekstra stop meitsje op stasjon Wolvegea. De NS set bussen yn tusken Akkrum en Ljouwert en nei it stasjon Grou-Jirnsum.
17:11
Kij sleau troch donggassen yn Snits
Der binne donggassen frijkaam by it mjuksen yn in stâl oan de Lemmerweg yn Snits. De brânwacht hat opskaald nei in middel-ynsidint om sa genôch minsken te hawwen om de 100 kij út de stâl te krijen,
De kij rekken troch de gassen wat sleau. Dêrom is in bistedokter ynskeakele. De boer is foar kontrôle nei it sikehûs oerbrocht.

15:46
Ynbraak yn kleanwinkel De Westereen
Ek yn De Westereen is ynbrutsen, hjir giet it om in ynbraak yn in kleanwinkel. De plysje krige sneintemiddei in melding, mar de ynbraak hie nei alle gedachten al op sneon plak.
Nei alle gedachten is de doar iepenbrutsen mei in brekizer. Oft der wat meinaam is, is net bekend. Der wurdt noch ûndersyk dien nei it ynsidint.
14:07
Meardere ynbraken op Skylge, plysje wit net oft der in ferbân is
Op Skylge is dit wykein trije kear ynbrutsen op ferskillende plakken. Dat skriuwt Omroep Zilt. Der waard ynbrutsen by de resepsje fan fakânsjepark De Riesen op Hee, by hotel de Walvisvaarder yn Lies en by Dellewal op West. It is noch net dúdlik wat by de ynbraken krekt meinommen is.
De plysje wit noch net oft der in ferbân is tusken de ynbraken. Der wurdt noch ûndersyk dien, de plysje ropt tsjûgen op harren te melden.

10:34
Drankrider feroarsaket auto-ûngelok yn Langwar
Yn Langwar is sneintejûn in 31-jierrige automobilist út Oss oanholden nei't er op de Pontdyk yn botsing kaam mei in oare auto. Ut in blaastest die bliken dat er ried ûnder ynfloed. De automobilist waard meinaam nei it plysjeburo.
Yn de auto sieten meardere persoanen. Ien dêrfan waard yn de ambulânse nei it sikehûs brocht. De bestjoerder fan de oare auto kaam mei de skrik frij.
Beide weinen rekken flink skansearre en binne burgen troch in berger.