Noppert yn petear oer nij kontrakt by Hearrenfean: "Dat begjint no serieus te rinnen"

Doelman Andries Noppert is yn petear oer in nij kontrakt by sc Hearrenfean. Sûnt Noppert yn Oranje spile hat, is der belangstelling fan oare klups.
No sit Noppert opnij yn de foarseleksje fan it Nederlânsk alvetal. Hy is der net oer belle, seit er. "Dat wurdt algemien bekend makke, en dan krijst in mailtsje."
Bondscoach Ronald Koeman hat njonken Noppert ek de keepers Justin Bijlow (Feyenoord), Mark Flekken (Brentford FC) en Bart Verbruggen (Brighton & Hove Albion) opnaam yn de foarseleksje foar de EK-kwalifikaasjewedstriden tsjin Grikelân en Ierlân. Justin Bijlow kin de kommende wiken neat dwaan omdat er de pols brutsen hat.
Andries Noppert: "Al myn fokus leit no op Hearrenfean"
Noppert hopet dat er yn de definitive seleksje opnaam wurdt, seit er. "As je yn de foarseleksje sitte, dan wolle je der ek by wêze. Dêr moatte je ien ding foar dwaan: je sjen litte op it fjild. Dat ha ik sels yn de hân."
Bliuwt Noppert by Hearrenfean?
Noppert hat it bot nei it sin by Hearrenfean, seit er. "We binne yn petear oer in nij kontrakt. Dat begjint no serieus te rinnen."
It is noch net hielendal wis oft er bliuwt, seit Noppert. "Je witte it noait, mar al myn fokus leit no op Hearrenfean. As je mei wat oars dwaande binne, dan wurdt de prestaasje allinne mar minder en minder. Dat wol ik net."
Spilers ha alle jierren mar beheind de tiid om fan klup te wikseljen. De datum dat it beslikke wêze moat, komt hieltyd tichterby.
"As ik hjir bliuw, dat wol ik dat sa lang mooglilk", seit Noppert. Hy is 29 jier âld. "Ik fyn de klup fantastysk, dat ha ik meardere kearen sein. Mar we moatte noch sjen hoe't it komt."