sc Hearrenfean komt der goed foarwei tsjin FC Utrecht en skoart sels twa kear

Mei seis punten út twa wedstriden stiet sc Hearrenfean der poerbêst foar yn de earedifyzje. De wedstriid tsjin FC Utrecht wie wat rommelich mar de Friezen wisten wol twa kear te skoaren.
De earste helte wie rommelich oan beide kanten. Beide ploegen krije de bal wol meardere kearen yn it sechstjinmetergebiet mar witte de kânsen net te fersulverjen.
Opstelling sc Hearrenfean: Noppert; Ali, Van Ottele, Bochniewicz, Köhlert; Haye, Tahiri; Sahraoui, Olsson Nunnely; Nicolaescu.
FC Utrecht begjint wol sterker as sc Hearrenfean en krijt nei krekt in minút al de earste kâns al. Mats Seuntjes komt tichtby de goal mar wit de bal der net yn te krijen.
Ofwurking wol net
Dan sakket Utrecht wat yn en wurdt sc Hearrenfean gefaarliker. De nije Moldavyske spits Ion Nicolaescu, Haye en Nunnely komme in pear kear tichtby Utrechtse keeper Barkas mar kinne noch net skoare sa as Nicolaescu tsjin RKC Waalwijk wol die.
Serieuze kâns
Dan komt der ynienen in serieuze kâns foar Utrecht. Jens Toornstra set earst foar, mar Syb van Ottele ferdigenet troch de bal oer de goal te koppen. De corner fan Can Bozdogan foar Utrecht wurdt earst ek noch fuortkopt rjochting it middenfjild, mar Toornstra fangt him op en sjit hiel hurd rjochting de goal, dy giet mar krekt oer.
Dan wurdt Hearrenfean wer brutaler en besiket in tal kear op goal te sjitten. Mar in kopbal fan Mats Köhlert en in skot fan fier fan Thom Haye bedarje yn de hannen fan de Utrechtse keeper.
Giel foar Van Ottele
Yn de ekstra tiid fan de earste helte krige Utrecht de grutste kâns oant dan ta. Syb van Ottele makket in oertrêding en pakt giel. Dêrtroch komt der in gefaarlike frije traap foar Utrecht. Bozdogan sjit hurd en leech op goal mar Noppert dûkt nei de hoeke en bokst de bal fuort.

De twadde helte begjint minder rommelich. Nunnely sjit yn de 55e minút tsjin de sydkant fan it net. Hidde ter Avest krijt lyk dêrnei in grutte kâns en sjit fan tichtby op de latte fan Noppert.
Dêrnei wie it in tige oanfallende perioade foar Utrecht en hie Hearrenfean in soad gelok dat de earste treffer net makke waard.
Unferwachte goal Hearrenfean
Dat begjint sawat as Noppert foar de twadde kear yn de wedstriid yn de fuotten fan de tsjinstanner sjit. Victor Jensen passearret de keeper mar de bal wurdt noch krekt troch Bochniewicz fan de line helle. Anastasios Douvikas sjit gelyk dêrnei noch tsjin de latte.
Utrecht bliuwt better fuotbaljen. En Seuntjes skoot hast in bal fan Azarkan binnen yn de hoeke fan it doel fan Hearrenfean.
Kompleet tsjin de ferwachting yn komt Hearrenfean ynienen op foarsprong troch in goal fan Sahraoui. Dy't yn syn ientsje yn it sechstjinmetergebiet troch twa ferdigeners fan Utrecht troch wit te dribbeljen en de bal fanút in drege hoeke krekt yn de hoeke wit te lizzen.
Konsternaasje
Konsternaasje dan by Utrecht as Noppert besiket te ferdigenjen mar de bal mist en Seuntjes rekket. Mar de skiedsrjochter besú trochgean te litten en Hearrenfean is los. Nicolaescu mist de hoeke fan it Utrechtse goal dêrnei mei mar in pear sintimeter.
Utrecht komt wol wat werom yn de wedstriid mar wit gjin lykmakker mear te meitsjen. Hearrenfean profitearret en makket út in counter sels noch in treffer. Daniel Karlsbakk sjit de bal binnen. Einstân: 0-2.