Rutger Piersma wint Sulveren Pols op FK

Rutger Piersma hat de Sulveren Pols wûn by it FK Fierljeppen mei in sprong fan 21,08. De senior ljepte de trije fierste ôfstannen fan de dei.
By de froulju is Femke Rispens de Frysk Kampioene, sy ljepte al yn de foarrondes 15,56.
Fierljeppen
Germ Terpstra is de Frysk Kampioen by de junioaren mei in ôfstân fan tweintich meter rûn. By de jonges wûn Timo van der Knaap mei 17,98, by de famkes ljepte Sanne Bouwstra it fierst mei 14,64.