Hoe is it om hast alles te winnen? "It ferfeelt yn elk gefal net"

Se wûnen dit jier sân fan de acht frijeformaasjepartijen en geane dus as topfavoryt de Frouljus PC yn: Ilse Tuinenga, Anne Monfils en Marrit Zeinstra. Mar hoe is it om sa bot boppe de rest út te stekken? Géjanna Dijkstra kin deroer meiprate.
Mei Afke Hijlkema wûn Dijkstra - doe noch Géjanna Buma - yn tsien jier njoggen kear de PC. Earst mei Riska Hazenberg as foarynse, letter mei Wiesje van der Berg en doe noch twa kear mei Debora Oosterman.
"Foar ús gefoel stutsen we der hielendal net fier boppeút", seit Dijkstra. "It ferfeelde yn elk gefal noait."
We belibben it net sa, oaren hienen ek seker kânsen.
Oars as dit jier keatsen de froulju yn de tiid fan Buma har hegemony - fan 1998 oant 2007 - sa'n fjirtjin frijeformaasjepartijen yn in seizoen. "Der wienen jierren by dat we tsien oant tolve partijen wûnen", wit se noch. "Mar we belibben it dus net sa, oaren hienen ek seker kânsen. It wie in brede laach fan fjouwer of fiif partoeren dy't winne koenen."
Ek de opslagger fan it partoer dat dit seizoen oppermachtich is, Ilse Tuinenga, hat net it gefoel dat se folle better binne as de oaren. "Der wienen in soad wedstriden dat de oaren tichtby wienen, dat we spannende partijen hienen."
Hieltyd mear op elkoar ynspile
De sifers litte wat oars sjen: allinnich op de frije formaasje yn Grou wienen Tuinenga-en-dy net de bêsten, al skeelde it doe ek net in soad: it partoer fan Aletta van Popta wie yn de finale mei alles oan 'e hang te sterk.
De fiif frijeformaasjepartijen dêrnei wienen in proai foar Tuinenga en har maten. Yn dy fiif finales stienen se yn totaal fiif buordsjes ôf. "Elke omloop reitsje we mear op elkoar ynspile", seit Tuinenga. "We wisten hiel lang net dat we mei ús trijen keatse soenen. Boppedat siet Anne (Monfils, red.) yn Rotterdam en dus koe se de tarieding net meidwaan."

It rint dus al better as Tuinenga ferwachte hie. "Ast trije yndividuën byelkoar setst dy't elk goed keatse kinne, bist noch gjin goed partoer. Mar wy ha in soad foarinoar oer, wy gunne elkoar wat. En we ha it leuk mei elkoar, ek bûten it fjild om."
Wat it partoer fan Dijkstra yn de jierren '90 en '00 sa goed makke, wie neffens har benammen dat sy en Afke Hijlkema sa goed byelkoar pasten. "Wy binne ek altyd byelkoar bleaun. We follen elkoar goed oan, hienen itselde idee, gongen op deselde wize mei it keatsen om. As dy basis goed is, kinst hiel fier komme."

En dat kamen se. Yn 1997 wûnen se foar it earst de Frouljus PC en dat dienen se de fjouwer jier dêrnei ek. Yn 2002 gong it yn de earste omloop samar mis. "It slagge gewoan allegear net dy dei", wit Dijkstra noch. "Ik stie net goed te keatsen en Afke en Wiesje koenen it ek net oernimme. De tsjinstanners profitearren dêrfan."
Troch de druk kaam it net, tinkt Dijkstra. "De ferwachtingen wienen wol altyd hiel heech. Mar dêr learst mei omgean. Je witte dat je de favoryt binne, ik seach it mear as sûne spanning, net as 'beklemmend' ofsa. De PC is foar alle keatsers in bysûndere dei, foar ús net mear as foar oaren."
As we dit jier net winne, dan soe dat wol in smet op it seizoen wêze.
Dy spanning fielt Tuinenga ek net. "Doe't myn broerke dit jier op de PC stie, fûn ik dat folle spannender. Dan ha je der gjin ynfloed op."
Mar dat de favoriterol by har partoer leit, dêr kin de fjouwerfâldich winneres ek net ûnderút. "Yn myn earste jier yn de haadklasse wûnen we ek in hiel soad yn de frije formaasje, mar doe wienen der ek oare goede partoeren. As we dit jier net winne, dan soe dat wol in smet op it seizoen wêze."
De Frouljus PC begjint woansdei om 11.00 oere. Omrop Fryslân folget de hiele dei yn in liveblog en op de radio en fan 14.00 oere ôf ek op telefyzje.
Dijkstra sjocht in pear outsiders, benammen it partoer fan Annet de Haan, dat de lêste fjouwer frijeformaasjepartijen de ferliezend finalist wie.
Mar dochs moat it ek neffens Dijkstra raar rinne, wol Tuinenga net winne. "Ilse is ien fan de rapste opslaggers, al salang't ik my heuge kin. Se hat safolle gong yn de bal, se fleane dy bytiden om de earen. En Marit Zeinstra is hiel atletysk, dy kin sa goed ûnder de bal komme. Se hat har bou mei, se is hiel linich."

Foar Tuinenga, Monfils en Zeinstra wurdt it woansdei yn alle gefallen in bysûndere PC, want it wurdt harren lêste. Allegear hâlde se op mei keatsen op it heechste nivo. "En ik betink my net", fersekeret Tuinenga. "Ik sil noch wol wat keatse sa no en dan, mar net mear op de PC."
Se wol minder tiid kwyt wêze oan it keatsen. Want je moatte der in soad tiid yn stekke, wolle je meidwaan oan de top. Dijkstra fynt it spitich dat de froulju der sa relatyf jong mei ophâlde. "Yn ús tiid tochtest pas op dyn tritichste oan ophâlden, no ha se earder it gefoel fan 'der is mear as keatsen'."
Wurdt wer tiid foar Tuinenga
Noch ien kear flamme dus, foar Tuinenga, Monfils en Zeinstra. Trijefâldich keninginne Tuinenga sjocht it mei fertrouwen temjitte: "Ajax wol elk jier kampioen wurde, wy wolle elke partij winne. En dus ek de PC. Dat meie we bêst sizze."
En winne ferfeelt noait. "De ôfrûne jierren siet ik yn it twad bêste partoer, dus doe miste ik it winnen just. Ik gean net nei de wedstriid ta mei de gedachte 'we winne even en dan wer nei hûs ta'. Myn lêste PC-winst is alwer fan 2019, dus it mei om my wol wer."