Cambuur Sjoernaal: Kaarten, penalty's en biersmiters

Cambuur sjoernaal - Telstar-Cambuur
SC Cambuur hat freed de earste oerwinning fan dit seizoen pakt. De Ljouwerters spilen yn Velsen Súd de útwedstriid tsjin Telstar.
It waard in bizarre wedstriid, mei acht giele kaarten. Ek de beide trainers Sjors Ultee en Mike Snoei gienen op de bon.
Der foel ek noch in reade kaart foar Telstar spiler Jayden Turfkruier. En de wedstriid waard twa kear stillein fanwege it smiten mei bier. Doe't alle stof en bierdrippen ferdwûn wienen, stie der in 3-2 oerwinning fan Cambuur op it boerd. Yn it Cambuur Sjoernaal in wiidweidige weromblik op in bysûndere wedstriid.