Liveblog | 20 augustus

Gjin medalje foar Bouwmeester op WK | Favoriten winne generale Frouljus-PC

  • De nûmer lêst fan juster kaam hjoed as earst oer de streek by de IFKS;
  • Douwe Amels is útskeakele op it WK heechspringen;
  • Marit Bouwmeester grypt neist de medaljes op it WK silen;
  • De 'generale' fan de Frouljus-PC is wûn troch de favoriten.
Lêst bywurke: 20 augustus, 20:43
snein 20 augustus
20:43

Oranje follybalfroulju winne fan Estlân

De Nederlânske follybalsters ha op it SK yn Esltân de goede foarm trochlutsen. Se fersloegen it gastlân yn Talinn mei 3-0 (25-8, 27-25, 25-19).
Oranje is mei Marrit Jasper yn de seleksje it iennige lân yn groep D dat noch net ferlern hat. Tiisdei spilet Nederlân om 16:00 oere it fjirde groepsduel mei Frankryk, in dei letter is Finlân de tsjinstanner.
17:22

Steenstra wint

It partoer fan Tjisse Steenstra wint de finale mei 5-2 6-4.
16:32

Favoriten winne generale Frouljus-PC

Ilse Tuininga, Anne Monfils en Marrit Zeinstra ha yn Easterein de generale foar de Frouljus-PC wûn. Se joegen Annet de Haan, Louise Krol en Sjanet Wijnia keatsles. Yn de finale wûnen se mei 5-0 en 6-6, doe't Marrit Zeinstra de bol boppe sloech.
It wie foar it partoer Annet de Haan de 5e finale dyt se ferlearen. Foar Anne Monfils is de kâns grut dat se woansdei foar it earst de Frouljus-PC wint.
Harkje nei Anne Monfils
15:55

Boomsma twadde finalist yn Kimswert

Tjisse Steenstra, Kevin Jordi Hiemstra en Jan-Tymen Eisma nimme it op tsjin Auke Boomsma, Pieter Jan Plat en Hans Wassenaar.
15:51

Bouwmeester grypt neist medaljes op WK silen

Marit Bouwmeester grypt krekt neist de medaljes op it WK silen. Yn de medalrace is se fyfde wurden, en dat wie krekt net genôch.
Gjin medalje foar Bouwmeester op WK
Bouwmeester einige as fjirde yn it klassemint. Mei it missen fan it poadium is Bouwmeester nog net wis fan dielname oan de OIympyske Spelen fan takom jier. No moat Marrit Bouwmeester yn jannewaris takom jier oan de start ferskine by it WK yn Argentinie om it Olympysk ticket feilich te stellen.
15:01

Steenstra finalist yn Kimswert

Tjisse Steenstra, Kevin Jordi Hiemstra en Jan-Tymen Eisma winne mei 5-3 6-0 fan Haye-Jan Nicolay, Yannick Hielkema en Jurrit Osinga. Nicolay miste it perk op de lêste slach.
Sa binne Steenstra-en-dy de earste finalisten yn Kimswert.