Liveblog | 19 augustus

112-nijs fan 19 augustus: Seehûn yn Harns fuorthelle 'om drokte' | Falsk jild op Skiermûntseach

Yn dit liveblog hâlde we dy hjoed op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 19 augustus, 17:42
17:42

Falsk jild op Skiermûntseach

De plysje fan Skiermûntseach hat by in kontrôle falske bankbiljetten oantroffen fan 10 euro.
De Noardertoer, de fjoertoer op Skiermûntseach © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De plysje meldt dat it net dúdlik is oft der ek falsk jild útjûn is. De biljetten dy't oantroffen binne, binne yn beslach naam.
16:20

Seehûn fan trailerhelling yn Harns helle

In seehûn dy't yn Harns op in trailerhelling lei, is dêr wei helle omdat der tefolle publyk wie. Boppedat wie der twifel oer de sûnens fan it bist.
Seehûn fan trailerhelling yn Harns helle
De seehûn wurdt no ûndersocht, en as it nedich is wurdt er oerbrocht nei it seehûnesintrum yn Pieterburen.
Neffens de seehûnewachter hie it gefaarlik wêze kind om it bist lizze te litten. It soe dêr te drok west ha, en minsken holden net genôch ôfstân.
"Dat kin gefaarlik wêze, foar de seehûn, en ek foar de minsken. Sokke seehûnen sjogge der hiel 'aaibaar' út, mar se ha bêste tosken yn de mûle."
11:46

Fytser oanriden by stasjon Ljouwert

© AS Media
By it oerstekplak foar fytsers foar it stasjon fan Ljouwert is in fytser oanriden. Dat barde saterdei om 11.05 oere hinne.
De automobilist hie de fytser net sjoen. It slachtoffer is neisjoen troch de ambulânse en hoegde net nei it sikehûs.