Auto's wurde fan Fremantle Highway helle mei autowaskstrjitte

Bergingsbedriuwen binne sneontemoarn begûn mei it fan board heljen fan auto's fan it útbrânde frachtskip Fremantle Highway. De weinen wurde fia in ynstallearre autowaskstrjitte fan it skip helle.
It waskjen fan 'e auto's bart noch oan board út miljeuoerwagings. Sa wurdt it waskwetter opfongen en nei ôfrin ôffierd, sa sizze de bergingsbedriuwen. Nei't de auto's troch de mobile waskstrjitte kaam binne, wurde se fan board helle en op in spesjaal ôfskerme terrein yn de haven parkeard.
Oarsaak noch net dúdlik
Fan dat stuit ôf is it oan de eigener fan de lading en de ynspekteurs om te bepalen wat der mei de auto's bart. Boskalis en Multraship ferwachtsje dat de hiele operaasje goed in wike duorje sil. Yn dy perioade wolle se alle auto's fan de ûnderste fjouwer dekken fan board helje.
Earder waard dúdlik dat sa'n tûzen auto's op dizze dekken op it each noch yn goede steat binne. De boppeste dekken binne swier skansearre en in soad auto's dy't dêr parkearre stiene, binne ferraand mei de dekken. De oarsaak fan de brân is noch hieltyd net dúdlik. Boskalis en Multraship wolle dêr as bergingsbedriuwen ek gjin útspraken oer dwaan.
Brân
De brân op it frachtskip bruts yn de nacht fan tiisdei 25 op woansdei 26 july út. Dêrby foelen ien deade en meardere ferwûnen.
Oan board wiene yn totaal 23 minsken, 22 fan harren hiene de Yndiaaske nasjonaliteit. It skip ferfierde 3784 auto's, wêrfan hast 500 elektryske.