Ingelskman wint iepeningswedstriid A-klasse IFKS

© Omrop Fryslân, Andor Faber
Skipper Sikke Heerschop hat syn favoriterol wiermakke op de baren fan de Iselmar. Mei syn skûtsje Ingelskman waard er earste yn de grutte A-klasse fan de IFKS.
De kampioen fan foarich jier, Pieter-Jilles Tjoelker mei de Sterke Jerke, waard twadde. "Hy kaam rap ticherby", sei Heerschop direkt nei ôfrin. Tjoelker hie in minne start, hy kaam as achtste om de earste boppeboei.
Sjoch hjirûnder foar de folsleine útslach fan de grutte A by Hylpen:
Steven Zijsling finishte as tredde, mar de sjuery fan de IFKS hat it protest takend dat Geale Tadema fan Earstermar tsjin him yntsjinne hie. Dêrtroch sakket Zijsling fan it tredde nei it lêste plak. Alle oaren skowe in plakje omheech.
Omdat Zijsling diskwalifisearre is, krijt hy no 17 punten. Dat binne it tal dielnimmers + ien strafpunt. Dizze punten mei er wol allegearre ôflûke as syn minste wedstriid. Dat mei as der fjouwer wedstriden syld binne.

Mear as 60 skûtsjes

Der dogge yn totaal mear as 60 skûtsjes mei oan de IFKS, ferdield oer fjouwer klassen. Behalve de grutte A, B en C is der ek yn lytse A-klasse. Dêryn sile skûtsjes dy't koarter binne as 17.10 meter. De measte grutte skûtsjes binne sa'n 20 meter lang.
Yn de lytse A-klasse wûn it skûtsje Nije Dei fan Harm van der Weiden. De Aventoer fan Joost Terpstra, ek út Heech, hie de bêste start mar kaam as tredde oer de streek. De Vriendschap út Akkrum fan Sander Meeter waard twadde.

Trije Doarpen winner yn B-klasse

De B-klasse sylde in Olympyske baan. Henk Regts fan it skûtsje Trije Doarpen út Ychtenbrêge skreaun de oerwinning op syn namme.
Rein Wiebe Leenstra fan it skûtsje Dageraad út De Gaastmar wie better fuort mar waard ynhelle en einige as tredde. Plak twa wie foar it skûtsje Wâldwiif fan Tim Roosgeurius út Koatstertille.

Luuc Elzinga wint yn C-klasse

De wedstriidlieding lei in 'gate' del. Der wiene gjin falske starten. Luuc Elzinga fan it skûtsje Ut en Thús fan Jirnsum kaam as earste by de earste boppeboei en rûn al gau út op de oare dielnimmers. Koos Lamme, fan de Singelier en Herre Hoogmhiemster fan de Kammeraat folgen dêrnei.
Foar de tredde boppeboei helle Gerrit de Vries fan Snits Hooghiemster noch yn en waard tredde.
It Iepen Fryske Kampioenskip (IFKS) begjint alle jierren nei't de SKS ôfrûn is. De wedstriid fan de A-klasse is live te folgjen fia de radio.
Presintator Andor Faber sil op syk nei de ferhalen achter it IFKS. Dy ferhalen binne alle dagen te sjen op telefyzje, nei it nijs yn Fryslân Hjoed.