Michael Breij nei spikergekke wedstriid Cambuur: "Vechtlust laten zien"

© Orange Pictures
Penalty's, kaarten, bier op it fjild. Alles siet yn de spikergekke wedstriid fan Sc Cambuur tsjin Telstar freedtejûn. It waard foar de Ljouwerters tsjin tsien man noch tige spannend, mar dochs pakten sy de trije punten. "We hebben vechtlust laten zien", sei doelpuntemakker Michael Breij.
Cambuur begûn de wedstriid sterk. Nei goed in healoere stie de ploech mei 0-2 foar, beide goals út in penalty waarden makke troch Milan Smit. "Ik heb in de voorbereiding een aantal penalty's genomen, die gingen er toen ook in, dus ik weet van mezelf dat ik het goed kan", seit de spits nei de wedstriid.
Achterôf die bliken dat de sliding dy't late ta de twadde penalty, net ferkeard wie. Dat kin Smit lykwol net in soad skele. "Dat maakt mij niet uit, ik heb mijn goal gemaakt."
Trainer Sjors Ultee nuansearret dy situaasje ek: "Ik denk dat de 4-1 die we maken wel gewoon een goal was, misschien kun je die tegen elkaar wegstrepen."
Milan Smit: "Ik weet van mezelf dat ik goed penalty's kan nemen"
It gefoel dat oerhearsket nei de wedstriid is lykwols dat de Ljouwerters folwoeksener spylje moatte. "Voor rust hadden we een mega kans op de 3-0 van Bangura. We doen veel dingen goed, als je hier volwassener bent maak je voor rust 3-0 of 4-0 en ga je comfortabel de bus in. Nu was het voor het publiek heel leuk maar voor ons heel spannend."
Dochs jout Ultee ek oan dat Telstar gewoan in drege ploech is om tsjin te fuotbaljen: "Telstar is een ploeg met zoveel wapens, zoveel dreiging, die kunnen uit het niks een goal maken. Ik denk dat ze het iedereen moeilijk kunnen gaan maken."

Trainers krije ek giel

Der waard bot struid mei giele kaarten. Yn de earste helte al wiene it der acht, in rekôr yn de earste divyzje. Sels de twa trainers, Ultee en Mike Snoei ynkassearren in kaart.
Sjors Ultee: "Voor het publiek heel leuk, maar voor ons heel spannend."
Neffens Ultee barde der lykwols net in soad: "Er was niks geks aan de hand. We stonden allebei een stapje buiten ons vak. Mike en ik kennen elkaar natuurlijk al een tijdje, we waren gewoon met elkaar aan het praten en de scheidsrechter komt aan met een gele kaart. Maar misschien moet ik slimmer zijn en in het vak blijven staan."
De spilers wiene noch mar oardel minút oan it fuotbaljen yn de twadde helte doe't Telstar de oanslutingstreffer makke. Cambuur wurdt op skerp set, mar Michael Breij sjit út in frije traap úteinlik de 1-3 binnen. "Ja die zat er lekker in, het voelde goed, ik dacht: ik ga hem scoren", seit Breij.

Stillizzen wedstriid

Gelyk dêrnei waard it spul foar de twadde kear stillein. Dit kear bedarre bier op it fjild út it fak fan de Cambuur supporters. Spitich, fynt Ultee, mar bliid dat de wedstriid net in oare kear oer hoecht.
Michael Breij: "Hij zat er lekker in."
"Bij ons doelpunt was niks aan de hand, we vierden een feestje met het publiek. Regels zijn de regels, dat is helemaal waar, maar er zat geen enkele kwade bedoeling bij. Dan is het zonde dat je weer naar binnen moet maar gelukkig kunnen we wel doorvoetballen in plaats van dat we terug moeten komen zondag of maandag."
Smit fynt it "onnodig" dat soks twa kear bart yn in wedstriid, mar begrypt dat de skiedsrjochter him oan de regels hâlde moat. Dochs bliuwt it ferfealend: "Dan moeten we naar binnen, zijn we weer koud, moeten we weer een warming up doen."

Standertsituaasje

Telstar makket it yn de lêste minuten noch spannend troch in frije traap binnen te koppen. Dat is neffens Breij en Smit ek it swakke punt fan de ploech út Ljouwert. Breij: "Het mag niet zo zijn dat elke standaardsituatie gevaarlijk is, en dat is nu een beetje het geval. We zijn er wel veel mee aan het trainen, we moeten dat beter gaan doen."
Dochs lûke de Ljouwerters de wedstriid oer de streek: "We hebben wel vechtlust laten zien", seit Breij. "Nu dit doortrekken en volgende week weer drie punten pakken", follet Smit oan.