Direkteur satellytbedriuw: “Als er geen zekerheid is, komt noodsignaal van schepen in gevaar”

© ANP
It needsinjaal fan skippen kin yn gefaar komme as de 5G-frekwinsje fan Inmarsat ôfnommen wurdt by de 'earen' fan Boerum. Dat seit lokaasjedirekteur Gerard Luursema.
Satellytbedriuw Inmarsat moat uterlik 1 febrewaris 2024 syn radiofrekwinsjes ôfstean foar it 5G-netwurk. Neffens lokaasjedirekteur Gerard Luursema is dat problematysk: "Als er geen zekerheid geboden kan worden in Griekenland, waar we een nieuw complex bouwen, dan kan het zo zijn dat noodsignalen van schepen op zee, na februari 2024 niet meer aankomen."
It bedriuw hat yn Boerum in satellytgrûnstasjon mei satelliten dy't needoproppen fan skippen op see ûntfange. Krekt dy frekwinsjes binne hurd nedich foar de ûntwikkeling fan flugger 5G-ynternet. Minister Micky Adriaansens fan Ekonomyske Saken pakt de radiofrekwinsjes werom, sadat it 5G-netwurk fierder útrôle wurde kin.

'Vóór het gebruik van 5G'

It ministearje fan Ekonomyske Saken wol oan de ein fan dit jier de beskikbere frekwinsjes, dy't Inmarsat brûkt foar it NVS-systeem, foar it rappe 5G-netwurk feile. Dat betsjut dat Vodafone, KPN en T-Mobile tsjininoar op biede meie om op bepaalde frekwinsjes in lisinsje te krijen.
"Wij zijn ook absoluut voor het gebruik van 5G, Nederland heeft dat nodig", seit de direkteur fan Inmarsat. "Maar dan moet er aan ons in Griekenland eerst wel zekerheid geboden worden, door de Griekse of Nederlandse overheid."
Wij krijgen gemiddeld zes noodmeldingen per dag binnen
Gerard Luursema
It part fan it netwurk dêr't it om giet, de frekwinsje 3.5-GigaHertz, wurdt op dit stuit noch brûkt troch Inmarsat, om GMDSS-sinjalen fan skippen ôf te ûntfangen en troch te stjoeren nei de Kustwacht.
It bedriuw is in soad yn petear mei de Grykske en Nederlânske oerheid, om derfoar te soargjen dat de sinjalen goed ûntfongen wurde. De brief fan Adriaansens kaam dan ek wol ûnferwachte. Oer de gefolgen is Luursema dúdlik: "Als er geen oplossing komt is dat een reëel risico."
"In totaal hebben zo'n 150.000 schepen wereldwijd het GMDSS-systeem aan boord, waarvan wij gemiddeld zes meldingen per dag binnenkrijgen", fertelt Luursema. Dêr sitte ek haastgefallen by.
De satellyten fan Boerum © RTV NOF, Ben de Jager
Yn Grikelân is ûnderwilens it nije skûtelsintrum al aardich ynrjochte en wurde testen útfierd. Dêr binne lykwols ek útdagingen as it giet om it netwurk.
"Ook in dat land zijn er plannen voor de uitrol van 5G, als wij van de Griekse overheid zekerheid kunnen krijgen, dat zij van het deel wat wij van het netwerk gebruiken afblijven, dan zijn we al een heel eind", follet de direkteur oan.
"Daarnaast is er ook nog een uitdaging wat de licentie op het netwerk betreft. Wij hebben nu een licentie gekregen die vijf jaar geldig is, terwijl we dit systeem in ieder geval nog tien jaar gebruiken."
In oantal fan de tweintich skûtels dy't Inmarsat yn Boerum stean hat, soargje foar de GMDSS-kommunikaasje. Mocht it needsysteem oerset wurde nei Grikelân, dan bliuwe der noch hieltyd skûtels op de Frysk-Grinslanner grins stean.