Cambuur wint fjildslach mei biersmiters en rekôr giele kaarten

De wedstriid fan Cambuur tsjin Telstar is twa kear stillein neidat supporters bier op it fjild smieten. Allinne omdat de biersmiters pakt waarden, koe de wedstriid útspile wurde.
It wie in fjildslach. Noch noait wie der in wedstriid yn de earste divyzje dêr't yn ien helte mear kaarten útdield waarden as yn de earste helte fan Telstar-Cambuur. Sels de beide trainers giene op de bon.
Opstelling Cambuur: Van Osch, Van der Meer, Tol, Smand, Bangura, Van Kaam, Breij, De Jong, Van der Water, Smit, Balk.
Cambuur wûn mei 3-2, tsjin tsien man fan Telstar. De earste winst fan it seizoen kaam foar de helsdoarren wei.

It spektakel begûn nei in goed kertier, doe't Smand ûnderút lutsen waard by in frije traap. Cambuur krige in penalty, en Milan Smit skoarde. Telstarsupporters wiene it dêr net mei iens, en begûnen mei bier te smiten.
Skiedsrjochter Stan Teuben koe net oars as it spul stillizze. Sûnt foarich seizoen mei der net mear spile wurde as der guod op it fjild smiten wurdt. Nei sa'n tsien minuten gie de wedstriid wer fierder, al sieten der wol wat minder supporters yn it fak dêr't it bier út wei smiten waard.
Giele kaarten
Doe't it spul ienkear wer los wie, krige Milan Smit direkt in giele kaart. Hy soe syn doelpunt te entûsjast fierd ha. En de beide trainers krigen ek in giele kaart: se stiene net yn it trainersfak.
Ferdigener Jorginho Soares fan Telstar krige ek in giele kaart, doe't er Remco Balk ûnderút skoffele dy't trochbrutsen wie. It hie ek read wêze kind, mar Cambuur krige wol in penalty. Milan Smit skoarde wer: 2-0.

Allinne yn de earste helte al luts Teuben acht kear in giele kaart. Noait earder binne der yn de earste divyzje safolle kaarten útdield yn ien helte.
Oanslutingstreffer
Mei trije nije spilers begûn Telstar it bêste oan de twadde helte. En al binnen in minút skoarde ien fan de ynfallers de oanslutingstreffer, mar Cambuur liet him net de ferdigening yn triuwe.
Ut in frije traap skoarde Michael Breij de 3-1. By it fieren fan dat doelpunt bedarre der wer in beker mei bier op it fjild, en dêrtroch waard de wedstriid opnij staakt.

Normaalwei moat in wedstriid nei twa fan sokke ynsidinten definityf stillein wurde, mar trochdat de biersmiters direkt pakt waarden, koe der nei sa'n tsien minuten wer 'gewoan' fuotballe wurde.
Yn de lêste tsien minuten kaam Telstar mei 10 man te stean, troch in reade kaart fan Jayden Turfkruier, dy't te hurd ynkaam op Breij. It joech Telstar nije moed, Zakaria Eddahchouri skoarde sels de 3-2.
De slotfaze wie ferskuorrende spannend. Telstar hold de druk derop, mar krige de bal net mear yn de goal. Foar Cambuur hoegde dat ek net. Einstân: 3-2.