Hearrenfean wint finale SKS, Ljouwert falt fan poadium

© Martin de Jong
De finalewedstriid fan de SKS is wûn troch it skûtsje fan Hearrenfean. It wie net genôch foar it twadde plak yn it klassemint, dat is foar De Lemmer.
It skûtsje fan Grou kaam as achtste oer de finish, mar yn it klassemint wie de foarsprong al sa grut dat der net ien mear foarby koe.
Sjoch hjirûnder nei de finish fan de wedstriid by Snits:
Hearrenfean wint de wedstriid op de Snitser Mar
De wedstriidlieding hie keazen foar in baan dy't yn de SKS hast noait brûkt wurdt: de saneamde Snits-baan. In baan dy't presys oanpast is oan de Snitser Mar, mei trije krúsrakken deryn.
Foar it publyk wie it geweldich, de skûtsjes ha alle hoeken fan de mar sjoen, en se sylden sa no en dan deun by de rekreanten del. En foar de skippers wie it ek in moaie baan: mei trije krúsrakken en seis boeien wiene der genôch opsjes om oan te fallen.
Sjoch hijr nei in gearfetting fan de wedstriid
Benammen by de earste boeien wie it hiel drok. Omdat de skûtsjes yn de koarte rakken net fier fan mekoar fuort sile koene, kamen se by de boeien hast mei mekoar yn oanfarring. Dat gong net altyd neffens de regels, mar de protestflagge bleaun yn de bûse.
Sjoch hjirûnder nei de gribus by de boppenste en de ûnderste tonne:
Yn it klassemint wie it in striid om it twadde plak, tusken Hearrenfean, Earnewâld, De Lemmer en Ljouwert. Hearrenfean en Earnewâld kamen goed fuort, mar De Lemmer en Ljouwert kamem fêst te lizzen tusken de oare skûtsjes.
Dêrtroch wie it oant de ein fan de wedstriid spannend wa't it twadde plakje yn it klassemint pakke soe, wylst Hearrenfean eins de hiele wedstriid ûnbedrige foarop sylde.
Sjoch hjir nei de útslach fan de wedstriid by Snits, en nei it definitive klassemint:
It skûtsje fan Ljouwert einige krekt bûten de top trije. "Dan hiene we ek wol fjirtjinde wurde kind, dat ynteressearret my no ek net mear", sei skipper Willem Zwaga. Hy koe fierder net in soad mear sizze. "Ik wit it ek net."
Op it skûtsje fan De Lemmer hie skipper Albert Visser direkt nei de wedstriid noch net yn de gaten dat er twadde wurden wie yn it klassemint. Hy kaam as fjirde oer de finish.
Sjoch hjirûnder nei de reaksjes fan de skippers fan Ljouwert en De Lemmer:
"Ik wist net seker hoe't it presys siet", seit Visser. "Ik woe wol graach twadde wurde. Dat is better as tredde, of fjirde. Dit is super!"
Ferslachjouwer Geartsje de Vries seach wat emoasje by de skipper. "Dat is de spanning dy't loskomt."
Mei dizze wedstriid sit de SKS der op.
Sneon is de earste wedstriid fan de IFKS. De wedstriden fan de grutte A-klasse binne middeis rjochtstreeks te folgen op de radio, en jûns ek op telefyzje, yn it Skûtsjesjoernaal, nei Fryslân Hjoed.