Needferoardering by Telstar - SC Cambuur fanwege risiko op supportersgeweld

© ANP
Fanwege in mooglike konfrontaasje tusken supporters hat de gemeente Velsen in needferoardering fêststeld by de wedstriid Telstar - SC Cambuur, freed 20.00 oere.
Ut ynformaasje fan de plysje docht bliken dat supporters fan beide klups fan doel binne mei-inoar op de fûst te gean. Wêr't dizze konfrontaasje plakfine moat, is net dúdlik.
Foar de wedstriid jildt in buskomby-regeling foar de supporters fan Cambuur. Der binne sinjalen dat guon fans plakbewizen keapje foar de thúsfakken fan Telstar.

AZ-supporters

Ek reizgje der mooglik supporters fan AZ ôf nei Velzen-Súd. Der is in sterk fermoeden dat sy tegearre mei de Cambuurfans fan doel binne op de fûst te gean mei de oanhing fan Telstar. Supportersgroepen fan SC Cambuur en AZ hawwe in freonskipsbân. Se stypje inoar by supportersaksjes.
"Wij zijn dit niet gewend", seit Frank Dales, boargemaster fan van de gemeente Velzen. "Het is altijd een gezellige avond hier als Telstar speelt, waarbij nauwelijks politie aanwezig hoeft te zijn. Toen we hoorden van de signalen, hebben we een noodverordening vastgesteld. Hopelijk is dit iets eenmaligs met Cambuur."
Fanwege de buskomby meie supporters fan Cambuur net op eigen gelegenheid komme. "Als ze dat wel doen, dan worden ze eruit gepikt. We hebben al een aantal kaarten weten te onderscheppen die door Cambuurfans zijn gekocht."

'Alsof we een stel mafketels zijn'

Maarten van Tuinen, foarsitter fan de supportersferiening fan Cambuur, kin him alderminst fine yn de wurden fan Dales. "Het lijkt net alsof onze supporters een stelletje mafkezen is. Telkens wordt er gewezen naar de wedstrijd tegen Heerenveen. Wat daar gebeurde keur ik natuurlijk ook af. Maar het is niet correct dat we daardoor meteen zo worden neergezet."
Oer de AZ-supporters dy 't meireizgje soene: "Dat verhaal slaat nergens op. Er is een groepje Cambuursupporters dat goed op kan schieten met AZ-fans, maar dat heeft nul invloed op Telstar - Cambuur", seit Van Tuinen. "En waarom zouden wij met Telstarsupporters willen rellen? We zijn betrokken en fanatiek. Nu wordt er een verkeerd beeld van ons geschetst."