Skippers lilk oer 'amateurisme' SKS: "Dit hie noait sa moatten"

© ANP
De ien neamt it 'amateurisme', in oar fynt it 'rommelich'. Mar hoe dan ek, hieltyd mear skippers ha krityk op wedstriidlieders fan de SKS.
Yn tsjinstelling ta de IFKS is der by de SKS alle dagen in oare kommisje ferantwurdlik foar de wedstriid. En dus is der ek alle dagen in oare wedstriidlieder.
Dêrtroch ha al dy wedstriidlieders minder ûnderfining mei skûtsjewedstriden as dat se ha soene wannear't se alle wedstriden liede soene. En wa't minder ûnderfining hat, makket mear flaters.
Skippers fine dat spitich. "Wy stekke in protte jild yn dy skûtsjes, en in protte tiid. Der moat no wol wat gebeure", seit Jeroen Pietersma fan Drachten.
Jeroen Pietersma: "Ik ha hast dûken yn it dek skopt, sa lilk wie ik"
Pietersma fynt benammen in flater by de ynhelwedstriid op Wâldsein spitich. Doe waard de wedstriid ôfblaasd, neidat de organisaasje by fersin tsjin it skûtsje fan De Lemmer sein hie dat it in falske start hân hie.
Dit is amateurisme fan 'heb ik jou daar'!
Jeroen Pietersma
Doe't De Lemmer dêroer in protest yntsjinne tsjin de kommisje, waard de wedstriid stillein. Soer foar Drachten, want dat skûtsje lei foaroan. "Dit hie noait sa moatten", seit Pietersma. "Dit is amateurisme fan 'heb ik jou daar'!"

Falske start en minne baan

Der is mear misgien. Op it wetter by Langwar soe it oarsom west ha: dêr wurdt sein dat meardere skûtsjes te betiid wiene, sûnder dat de kommisje dat konstatearre hat.
En by Ealahuzen hie de kommisje keazen foar in op-en-del-baan, mar doe't de wyn draaide koene de tonnen net gau genôch fersleept wurde. Minder as in minút neidat de finishflagge toand waard, fear De Lemmer al oer de streek. "Dit kin net", sei analist Age Veldboom yn it rjochtstreekse kommentaar, mar it wie al sa.
Protestflage by De Lemmer yn it want © Martin de Jong
"It is hiel rommelich", seit skipper Willem Zwaga fan Ljouwert. "Je fernimme gewoan dat der ferskillende kommisjes binne, en dat it oeral wol wat rommelet. En de oplossingen binne dan ek net altyd goed."

'Faak is it net goed'

Zwaga pleitet foar ien oerkoepeljende organisaasje dy't de lieding nimt by de wedstriden. "Se dogge no wol har bêst om der in moaie baan yn te lizzen, mar te faak is it net goed. As je dan oanfalle wolle, dan sile je automatysk de minne kant yn."
Geartsje de Vries praat mei de nûmers ien en twa fan de lêste wedstriid by De Lemmer, Willem Zwaga fan Ljouwert en Johannes Meeter fan Huzum:
"Wêrom moat dit no sa?"
Johannes Meeter fan Huzum slút him by Zwaga oan. "Hjir moatte we wol oer neitinke. It ferfelende is no ek: we ha de middels om alles werom te sjen. As der eartiids ien of twa te betiid wiene, dan seagen we dat net. No kinne we alles werom sjen, op de bylden, en op de track and trace."

SKS nimt krityk serieus

Foarsitter René Nagelhout fan de SKS begrypt de frustraasjes fan de skippers, seit er. Hy wol ûndersykje wat der misgien is, foardat der besluten naam wurde.
"De lûden dy't we no hearre, nimme we mei nei de evaluaasje. Dy ûndersykje we. Dêr moatte we aanst konklúzjes út lûke, en dan pas hannelje.
René Nagelhout (SKS) reagearret op de krityk
Nagelhout jout wol ta dat de wedstriid by Wâldsein 'ryklik let' ôfblaasd is, mar hy neamt it beslút wol 'terjochte'. "Oars hie der hielendal gjin útslach west", seit er.
De skippers wolle net te lang wachtsje mei in beslút. "Ik hoopje dat we nei de SKS by mekoar komme kinne, en in oplossing fine", seit Johannes Meeter. "Soks moatte je net fjirtjin dagen foar de SKS beprate, dan binne je oan de lette kant."
Zwaga tinkt dat it wol slagget. "We evaluearje de wedstriden altyd earder. Dat sille no wol lange evaluaasjes wurde, der is genôch te bepraten."
De lêste wedstriid fan de SKS is hjoed op de Snitser Mar. De wedstriid is streekrjocht te folgjen by Omrop Fryslân. Op telefyzje, online, en ek op YouTube.
De útstjoering begjint om 13.45 oere mei in foarbeskôging. Om 14.10 oere klinkt it startskot.