Satellytbedriuw Inmarsat moat fuort út Boerum om plak te meitsjen foar 5G-netwurk

© Omrop Fryslân
Satellytbedriuw Inmarsat moat uterlik 1 febrewaris 2024 syn radiofrekwinsjes ôfstean foar it 5G-netwurk. It bedriuw hat yn Boerum in satellytgrûnstasjon mei satelliten dy't needoproppen fan skippen op see ûntfange.
Krekt dy frekwinsjes binne hurd nedich foar it ûntwikkeljen fan flugger 5G-ynternet. Minister Micky Adriaansens fan Ekonomyske Saken pakt de radiofrekwinsjes werom sa't it 5G-netwurk fierder útrolle wurde kin.

Grikelân

Inmarsat wol de satelliten yn Boerum net opjaan en krige yn 2021 al gelyk fan de rjochter. Der like dêrnei in oplossing doe't in ûnôfhinklik advysburo Inmarsat oanriede te ferhúzjen nei Grikelân, mei in fergoeding.
Inmarsat hat lykwols dize wike oanjûn net genôch wissichheid te hawwen mei de fergunning dy't de Grykse telekomautoriteiten oanbiede. Op dat stuit binne de petearen stikkenrûn. De minister hat besletten gjin fierder fertraging oprinne te wollen. Per 1 febrewaris kin de frekwinsjerûmte op de 3,5 GHz-band dêrom net mear brûkt wurde foar satelytkommunikaasje foar NSV-ferkear (nood- spoed-, en veiligheidsverkeer).