Partoer Postma, Hofman en Koster wint keats-off en pakt ticket foar de Frouljus PC

Romy Postma, Elly Hofman en Gerbrich Koster winne de Keats Off foar de 47e Frouljus PC takom woansdei. Yn de Keats Off strieden trije partoeren yn Wommels tsjin inoar om in ticket foar de Frouljus PC.
De earste partij fan de dei wûnen de trije al. Sy fersloegen Rixt Fokkema, Anouk Smink en Foke Jil Bakker mei 5-4 6-6.
Dat lêste partoer wûn dêrnei mei 5-3 6-0 fan Marrit Wielenga, Inge Blanke en Eline van Dijkhuizen. De twadde wedstriid fan Postma-en-dy wie minder spannend. Mei 5-1 en 6-0 wiene sy folle sterker as Wielenga, Blanke en van Dijkhuizen.
Topfavoryt foar de Frouljus PC binne Ilse Tuinenga, Anne Monfils en Marrit Zeinstra. Sy wûnen seis fan de sân frijeformaasjepartijen.
De Frouljus PC begjint woansdei om 11.00 oere. Omrop Fryslân folget de hiele dei yn in liveblog en op de radio en fan 14.00 oere ôf ek op telefyzje.