Soad fertrouwen by Cambuur, mar: "We moeten waken voor te veel enthousiasme"

Sjors Ultee © Orange Pictures
Cambuur spilet freed de earste útwedstriid fan it seizoen. Yn Velsen-Súd is Telstar de tsjinstanner. Nei de sensasjonele slotminuten fan ferline wike tsjin Emmen, doe't de 17 jierrige Wybe Kooistra de lykmakker skoarde, is de stimming goed by Cambuur.
Nei de spektakulêre slotfaze ferline wike tsjin Emmen, wie der sprake fan lichte eufory. Ultee pleatst dêr wat nuânses by.
"We moeten waken voor te veel enthousiasme, want we kwamen wel met 2-0 achter. Dan moet je dus ook kritisch zijn op die twee doelpunten. Dus het is een combinatie: Enthousiast en positief over de vechtlust en over het terug komen in de wedstrijd; maar ook kritisch op op het weggeven van doelpunten op een manier die eigenlijk niet kan."
Telstar Cambuur foarutblik
By Cambuur is Leon Bergsma licht blessearre. Hy wurdt ferfongen troch Floris Smand. Ferdigener Gabi Caschili, oerkaam fan FC Zwolle, is fit. Hy heakket oan by de groep.
Ofgeand op de training soe Milan Smit yn de spits wolris de ferfanger wêze kinne fan Roberts Uldrikis. Mar dêr wol trainer Sjors Ultee noch neat oer sizze. Milan Smit sels hat goede hoop dat er freed yn de basis begjint.
Dominantie is leuk, maar het moet wel doelpunten opleveren."
Sjors Ultee, trainer Cambuur.
Oer tsjinstanner Telstar is Ultee hiel posityf. "Een ploeg met heel veel gevaar. Ze spelen aanvallend voetbal, soms met vier, vijf mensen in de aanval. Ook de wingbacks spelen aanvallend en ze hebben gevaarlijke spitsen. Een ploeg met veel dreiging, waar wij ons tegen moeten wapenen."