Dit wie de striid om de poadiumplakken yn baai by De Lemmer

De twadde wedstriid by De Lemmer wie in fûle striid om de poadiumplakken, mei meardere oanfarringen. De wedstriid is hjirboppe hielendal werom te sjen.
Foar Grou koe it al net mear mis, dat skûtsje wie no al wis fan it kampioenskip, mar skipper en bemanning bleaunen net oan de wâl. Se wolle mei sa min mooglik punten kampioen wurde.
"We ha juster sjampanje hân, mei alles derop en der oan, mar we komme hjir om te winnen", sei skipper Douwe Visser fan Grou foarôfgeand oan de wedstriid. "Oars kinne we ek wol toersile. As we hjoed net winne, is dat net omdat we ús bêst net dien ha."
Visser moat der lang oer neitinke, as we freegje oft it noch wol leuk is, om te silen sûnder echte konkurrinsje:
Is it wol leuk om sûnder echte tsjinstân te silen?
It is de twadde dei op rige dat de skûtsjes sile op it wetter by De Lemmer, mar no stiet der mear wyn as in dei lyn. De wynrjochting is ek krekt wat oars.
Earder melde de wedstriidlieder dat er opnij in sânglês kieze soe, mar yntusken liket it derop dat it in op-en-del-baan wurdt.
© Omrop Fryslân
It is in baan mei twa ûnderste tonnen, dêr't de skippers der ien fan kieze meie. Ynternasjonaal is dizze baan bekend as in 'gate': de beide boeien foarmje in poarte dêr't de skûtsjes foar de wyn trochhinne sile moatte, en dêrnei meie se kieze hoe't se wer by de boppetonne komme.