Liveblog | 17 augustus

112-nijs fan 17 augustus: Auto yn sleat by Boksum | Keukenbrân yn Mitselwier

Yn dit liveblog hâlde we dy hjoed op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 17 augustus, 21:29
21:29

Persoan út wetter helle yn Ljouwert

© AS Media
De brânwacht hat tongersdeitejûn in persoan út it wetter helle oan de Posthoornsteeg yn Ljouwert.
De persoan hold him fêst oan in strûk oant de helptsjinsten te plak wiene en is nei it sikehûs brocht.
Hoe't de persoan yn it wetter bedarre is, is net bekend.
17:11

Auto yn de sleat by Boksum

© CAMJO Media
In auto is tongersdeitemiddei yn de sleat bedarre oan de Westergoawei by Boksum. Meardere helptsjinsten kamen nei it ûngelok. De ynsitters koenen sels út de auto komme.
Ien persoan is mei in ambulânse nei it sikehûs brocht.
16:58

Bewenner lichtferwûne by blussen keukenbrân yn Mitselwier

By in keukenbrân oan de Balthasar Bekkerstrjitte yn Mitselwier is tongersdeitemiddei in persoan lichtferwûne rekke. De bewenner fan it pân woe it fjoer yn de keuken dôvje, mar azeme ûnder de bluspoging reek yn.
De brânwacht fan Eanjum en Dokkum waarden om healwei fjouweren hinne alarmearre. It earstneamde brânwachtkorps die in binnenoanfal en koe sa it fjoer gau ûnder kontrôle krije.
It slachtoffer is troch ambulânsepersoniel kontrolearre, mar hoegde úteinlik net nei it sikehûs, sa meldt de brânwacht.
14:51

Ungelok mei twa auto's yn Ljouwert

© AS Media
Twa auto's binne op inoar botst oan de Balthasar Bekkerwei yn Ljouwert. Dat barde om 14.20 oere hinne.
De ynsitters binne neisjoen op ferwûningen. Ien persoan is mei de ambulânse nei it sikehûs ta brocht.
Hoe't it ûngelok barre koe is noch net bekend.
14:36

Negatyf swimadvys foar Grutte Wielen

De gemeente Ljouwert hat foar it wetter by de Grutte Wielen yn Ljouwert in negatyf swimadvys ôfjûn.
Der is blau-alch fûn yn it wetter. Dat kin yrritaasje fan de hûd en mage- of termklachten feroarsaakje.
It wetter by de Lytse Wielen is noch wol skjin.
Witte wêr't noch wol feilich swommen wurde kin? Sjoch op zwemwater.nl.
14:19

Hanthavener docht oanjefte fan mishanneling, rekke ferwûne by kontrôle

Nei oanlieding fan in ynsidint oan de Oosterkade yn Ljouwert woansdei hat in hanthavener oanjefte dien fan mishanneling. De hanthavener kontrolearre in scooterrider, mar dat rûn út de hân. Dêrby rekke dy ferwûne doe't de scooterrider útnaaide.
In wurdfierder fan de plysje meldt dat de fertochte útnaaid is sûnder syn scooter, rjochting in appartemintekompleks oan de Oosterkade. Dêr docht de plysje no ûndersyk: se prate mei tsjûgen en sykje kamerabylden.
© Shutterstock (Lukassek)