Skip ramt brêge by Strobos: "Geen gewonden, geen lekkage"

It dak fan de stjoerhut leit derôf © CAMJO Media
By Strobos is woansdeitenacht in skip tsjin de brêge oer it Prinses Margrietkanaal fearn. Dêrby is de boppekant fan de stjoerhut skansearre rekke. De brêge bliuwt noch in pear dagen ôfsletten foar auto's, skippen kinne der wer del.
Rykswettersteat ûndersiket op dit stuit oft wat de skea oan de brêge op de grins mei Grinslân is. "Het is een machine, dus in zekere zin is alles reparabel, maar de brug heeft wel echt een forse klap gehad", fertelt Melloi Kremer fan Rykswettersteat.
Brêge by Strobos noch in pear dagen ticht foar ferkear troch ram fan skip
Omdat earst noch net dúdlik wie oft der minsken ferwûne rekke wienen, kaam wol in ambulânse teplak. "Het is heel vervelend, we weten nog niet hoe dit heeft kunnen gebeuren. De politie is daar nu nog mee bezig."

"It hûs trille derfan"

De bewenners by it Prinses Margrietkanaal del is de oanfarring fannacht net ûntgien, benammen it enoarme libben dat it mei him meibrocht is de oare moarns ûnderwerp fan petear. "Myn man waard wekker en dy sei 'der gebeurt wat'. Yndie, it hûs trille derfan", fertelt omwenner Sjoukje van der Zaag út it twillingdoarp.
It skipferkear kin yntusken wer trochfarre by de brêge oer it Prinses Margrietkanaal. De brêge sels krijt noch in ynspeksje en der wurde noch wurksumheden útfierd, oant dy tiid kinne der gjin auto's oerhinne.
Yn desimber fear ek alris in frachtskip tsjin de brêge. Dêrby foelen stikken fan de stjoerhut yn it wetter.