Junioareljeppers soargje foar it fjoerwurk yn lêste wedstriid foar Frysk kampioenskip

Freark Kramer hat yn Burgum syn fiifde wedstriid op rige wûn yn de topklasse fan it fierljeppen. De twa fierste sprongen fan de jûn - trije dagen foar it Frysk kampioenskip - kamen lykwols op namme fan junioaren.
Kramer kaam yn syn alderearste sprong fan de jûn ta 19,72. Dat wie achterôf genôch foar de oerwinning by de senioaren. Rutger Piersma siet mei syn lêste finalesprong noch wol yn de buert, mar hy kaam twa sintimeter tekoart. Ek Oane Galama wie tichtby: mei 19,65 waard er tredde.
By de froulju wûn Hanneke Westert foar it earst sûnt de iepeningswedstriid fan dit seizoen wer ris. Lang like it derop dat Sigrid Bokma har fjirde oerwinning op rige gripe soe, mei 14,92. Yn har lêste finalesprong kaam Westert lykwols ta 15,21. Dêrnei ferbettere Bokma har ek nochris, mar krekt net genôch: 15,11. It tredde plak wie mei 14,87 foar Pytrix Westra.
Fjoerwurk by de junioaren
Yn de junioarekategory lei it nivo heech: Germ Terpstra ljepte yn syn tredde sprong fan de foarronde nei in ôfstân fan 20,11. Hy wie dêrmei de iennige yn Burgum dy't foarby de tweintich meter kaam. En krekt as ferline wike yn Drylts wie er goed foar de fierste ôfstân fan de dei.
Germ Terpstra ljepte yn Burgum it fierst fan elkenien
Ek de 19,73 fan Michiel Zijlstra hie genôch west foar de oerwinning by de senioaren, mar dus net by de junioaren. Wisse Broekstra, dy't ek geregeld fierder kaam as de bêste senior, waard hjoed mei 19,22 tredde.
By it Frysk kampioenskip fan kommende saterdei binne der titels yn elke kategory. De Sulveren Pols is lykwols foar de fierste sprong fan de dei. Dêr binne junioaren as Germ Terpstra, Michiel Zijlstra en Wisse Broekstra dus ek kânshawwers
It FK begjint saterdei om 13.30 oere en is live te folgjen by Omrop Fryslân op televyzje, radio en online.
Sietse Lefferts hie in moaie dei yn de jongeskategory. Yn syn twadde sprong ljepte er nei in nij persoanlik rekôr: 18,60. Dat ferbettere er dêrnei nochris, troch wer njoggen sintimeter fierder te ljeppen. Martijn Zuidersma waard, ek mei in persoanlik rekôr (17,22) twadde, foar Djurre de Jong (16,53).
De fiif winnende sprongen yn Burgum
Ek by de famkes waarden persoanlike rekôrs sprongen. Sanne Bouwstra pakte de oerwinning yn 14,76, wat 62 sintimeter fierder is as se oait ljept hie. De 14,40 fan Hieke Vogel wie ek in persoanlik rekôr, goed foar it twadde plak. Noa de Boer waard tredde yn 14,37.
Winners 1e klasse dit seizoen
Manlju | Froulju | ||
13/05 | Bûtenpost | Nard Brandsma | Hanneke Westert |
20/05 | Winsum | Sytse Bokma | Marrit van der Wal |
24/05 | Gryptsjerk | Freark Kramer | Femke Rispens |
27/05 | Burgum | Bauke de Jong | Marrit van der Wal |
03/06 | Gryptsjerk | Oane Galama | Marrit van der Wal |
07/06 | Winsum | Sytse Bokma | Femke Rispens |
10/06 | It Heidenskip | Thewis Hobma | Marrit van der Wal |
17/06 | Drylts | Ysbrand Galama | Marrit van der Wal |
21/06 | Bûtenpost | Thewis Hobma | Femke Rispens |
24/06 | Burgum | Rutger Piersma | Marrit van der Wal |
08/07 | Winsum | Jan Teade Nauta | Sigrid Bokma |
12/07 | Drylts | Bauke de Jong | Sigrid Bokma |
16/07 | Burgum | Wisse Broekstra* | Sigrid Bokma |
19/07 | It Heidenskip | Freark Kramer | Marrit van der Wal |
26/07 | Gryptsjerk | Freark Kramer | Sigrid Bokma |
28/07 | Bûtenpost | Freark Kramer | Sigrid Bokma |
09/08 | Drylts | Freark Kramer | Sigrid Bokma |
16/08 | Burgum | Freark Kramer | Hanneke Westert |
* Wisse Broekstra ljept by de junioaren, mar by it Keningsljeppen yn Burgum giet de oerwinning nei dejinge dy't it fierste springt, yn watfoar kategory dan ek.