Mei oermacht kampioen: wêrom sylt Grou safolle hurder as de rest?

© Martin de Jong
Se neame him de Max Verstappen fan it skûtsjesilen: Douwe Visser fan Grou. Mei noch twa wedstriden te gean is hy no al kampioen fan de SKS.
Hoe kin it dat Grou safolle flugger sylt as de rest? Yn dit artikel freegje we dat oan ferslachjouwer Geartsje de Vries, analist en topsiler Roelof Bouwmeester en ek oan skipper Douwe Visser sels.
It kampioenskip fan Grou yn minder as ien minút
It binne twa dingen, seit Roelof Bouwmeester. "Se ha in protte snelheid, en se meitsje eins gjin flaters. Dat is in deadlike kombinaasje."
Der is yn de hiele float net ien skûtsje dat minder as tsien punten ôflûke mei. Utsein Grou. Dy binne dit jier noch net leger einige as plak fiif.
"Te betiid starte of tsjin in boei oan farre, dat binne grutte flaters. Dy mei net ien meitsje", seit Bouwmeester. "Mar ek lytsere flaters makket Grou net, se bliuwe út de problemen."
It is in analyze dy't tinken docht oan de oare Douwe Visser, dy't mei Snits njoggen kear kampioen waard, troch de problemen út de wei te gean.
Grou wûn direkt de earste wedstriid op it thúswetter © Martin de Jong
"As je hurd sile kinne, dan is it ek makliker om in risiko net te nimmen", seit Bouwmeester. "Dan hoege je it skip der net tusken te triuwen as it miskien net past, want dan tinke je: dy helje ik letter wol wer yn."
"Ûnderfining helpt ek", seit Bouwmeester, "om sokke lytse ferliezen te nimmen. "Fergelykje Grou mar ris mei Earnewâld. Op dat skûtsje debutearret dit jier skipper Siebren van Terwisga. Dy sit der soms hiel goed by, mar soms makket er ek wol in grutte taktyske flater. Dat is jeugdichheid."

Skip en bemanning

Ferslachjouwer Geartsje de Vries neamt ek twa dingen, dy't derfoar soargje dat Grou sa hurd sile kin. "It is in kombinaasje fan it skip en de bemanning."
Earst it skip. Grou hat der dit jier njoggen kante meter seil by krigen. Dat komt omdat se it skip oanpast ha oan de nije seilformule.
Dy formule wie der foarich jier foar it earst, mar doe hat Grou noch mei it âlde seil syld. No ha se de romp oanpast, seit De Vries. "Dêrtroch meie se mear seil sette. En se hiene eins altyd al in hiel goed skip."
Bemanning op it foardek fan Grou © Martin de Jong
Neffens Bouwmeester is it 'te maklik' om te sizzen dat it oan it skip leit. "Grou leit altyd op it goeie plak. Mei de start ha se romte oan de ûnderkant. En by de boei draaie se der perfekt omhinne."
"Sjoch by de start mar ris nei it ferskil tusken De Lemmer en Grou. Dan is Grou der altyd goed by, en De Lemmer soms hielendal net."

Goeie wedstriidsilers

"Grou hat trije hiele goeie wedstriidsilers oan board", seit De Vries. "Tammo Oosterhof, de adviseur, dy stiet hieltyd rjochtop op it achterdek om te sykjen nei de wyn. Albert Visser, de soan fan Douwe, tinkt ek mei oer de taktyk. En Douwe Visser sels fansels, de skipper, dy moat stjoere."
Visser sels soe graach wolle dat der op de oare skûtsjes mear wedstriidsilers meifarre. "Der wiene in protte goeie silers by it skûtsjesilen, mar troch omstannichheden binne dy opholden. Dat fyn ik skande."
Kampioen Douwe Visser: "Je moatte ek wat gelok ha"
De rest fan de bemanning is like belangryk, seit De Vries. "By Grou is de hiele bemanning tige goed op mekoar ynspile."
Wy ha in stabile, goeie ploech.
Douwe Visser
"Se sile al jierren mei mekoar", seit De Vries. "Der binne twa nijen by, mar dy komme yn in team dat al hiel goed draait. Hearrenfean hat wol hast tsien nije bemanningsleden. Dy moatte hielendal opnij begjinne te bouwen."
Douwe Visser sels neamt ek de rest fan de bemanning. "Wy ha in stabile, goede ploech. Op alle posysjes. Dat is hielendal super. En it skip is ek super. Ik wol de seilmakker noch in fear yn de reet stekke: ik ha noch noait mei sa'n moai túch syld, dêr't safolle druk út komt."
"We ha macht, dat ha wy noch noait sa hân."