Grou soeverein kampioen fan SKS nei fjirde winst op rige

It achterdek fan it Grouster skûtsje © ANP
It skûtsje fan Grou is mei oermacht kampioen wurden fan de SKS. Mei noch twa wedstriden te gean is de foarsprong fan Grou sa grut dat net ien der mear foarby kin.
"It siet allegearre mei, ik leau dat ik aanst nei it kasino gean. En dan set ik alles op read!", seit skipper Douwe Visser direkt nei ôfrin.
De finish fan Grou en de earste reaksje fan skipper Douwe Visser
Grou koe eins allinne noch fan de titel ôfholden wurde troch Hearrenfean en De Lemmer, mar dy skûtsjes sylden beide in strieminne wedstriid op it wetter by De Lemmer.
By de start wie der net in protte wyn. It skûtsje fan Grou like wol goed fuort, mar dochs wie Earnewâld earder by de boppenste tonne. Dêrachter waard it in gribus.
Gribus by de boppenste tonne
Yn de kopgroep sylde njonken Grou en Earnewâld ek hiel ferrassend it skûtsje fan de Súdwesthoeke. Dizze trije profitearren fan de frije wyn dy't de oare skûtsjes net hiene.
It skûtsje fan Grou wie ek yn de kopgroep de rapste, en sylde al gau fuort fan de oaren. Tsjin de ein fan de wedstriid hie Grou in foarsprong fan mear as in kilometer op de nûmer twa, de Súdwesthoek.
Skipper Auke de Groot wist net wat him oerkaam. "Dit moat even wenne, nei de ôfrûne dagen. Twadde achter Grou, dat fielt asof je earste wurde!"
Auke de Groot: "Achter Grou twadde wurde, dat fielt asof je earste wurde"
It is foar it earst sûnt it jier 2000 dat in skûtsje sa oppermachtich is dat it kampioenskip by de earste wedstriid op De Lemmer al beslikke is. Doe wie it ek it skûtsje fan Grou dat sa oppermachtich wie, mei skipper Berend Mink.
Der binne noch twa wedstriden te gean, en de fraach dy't oerbliuwt is no wa't twadde en tredde wurde. Dy striid is dit jier folle spannender as de striid om it kampioenskip.
Sjoch hjirûnder nei de folsleine útslach:
De striid om it twadde plak wie spannend oant de ein. It wie in striid tusken Starum, De Lemmer en Langwar.
Sjoch hjir nei in gearfetting fan de wedstriid
De wedstriden fan de SKS binne twa wiken lang streekrjocht te folgjen by Omrop Fryslân. Op dizze side, mar ek op YouTube.
De útstjoering begjint alle dagen om 13.45 oere mei in foarbeskôging. Om 14.10 oere klinkt it startskot.