Liveblog | 16 augustus

112-nijs fan 16 augustus: Ynsidint mei hanthavener yn Ljouwert | Fytser ferwûne nei oanriding

Yn dit liveblog hâlde we dy hjoed op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 16 augustus, 22:10
22:10

Ynsidint mei hanthavener yn Ljouwert

De plysje oan de Oosterkade yn Ljouwert © AS Media
De plysje is manmachtich teplak oan de Oosterkade yn Ljouwert, nei in konflikt tusken in meiwurker fan de hanthavening en in persoan op in scooter. Dy scooterrider waard kontrolearre, meldt de gemeente Ljouwert, mar dat is út de hân rûn. Wat dêr krekt gebeurd is, is ûndúdlik.
In wurdfierder fan de plysje meldt dat de fertochte útnaaid is sûnder syn scooter, rjochting in appartemintekompleks oan de Oosterkade. Dêr docht de plysje no ûndersyk: se prate mei tsjûgen en sykje kamerabylden.

Oanjefte

In fertochte is noch net oanholden, der is in Burgernet-melding dien.
De gemeente Ljouwert kin neat sizze oer de tastân fan de hanthavener, salang't it ûndersyk noch rint. Se dogge wol oanjefte.
20:51

Fytser oanriden yn Ljouwert

In fytser is woansdeitejûn op de Bleeklaan yn Ljouwert oanriden troch in auto. De automobilist woe rjochtsôf slaan, mar seach dêrby de fytser oer de holle. Dy foel, rekke ferwûne en moast nei it sikehûs ta brocht wurde.
12:09

Ried fan Steat keart beswieren tsjin heechspanningsstasjon Boalsert

In heechspanningsstasjon op in oar plak © ANP
Oan de Kalverweg by Boalsert mei gewoan in heechspanningsstasjon komme. In melkfeehâlder besocht de oanlis te kearen by de Ried fan Steat, mar de rjochter gie net yn de beswieren mei. Ek in berop fan in omwenner is ôfwiisd.
Netbehearder TenneT wol it heechspanningsstasjon, want it is nedich om Wynpark Fryslân definityf oan te sluten. TenneT woe dêr ferline jier al mei úteinsette. No besiket it bedriuw it stasjon mei ûndergrûnske kabels en it 'opstijgpunt' yn de twadde helte fan 2025 yn bedriuw te hawwen.
De boer ferwachtet fersakking troch de kabels, fynt dat syn útsjoch behindere wurdt en is benaud foar strieling. Hy fielt him besingele troch stroomkabels. De boer woe de kabels en it 'opstijgpunt' leaver fia yndustryterrein De Marne. Mar neffens TenneT soene dêr wer twa bedriuwen fan de oanlis te lijen hawwe en de rjochter oardiele dat dizze opsje ûngeunstiger wêze soe.
11:00

16-jierrige scooterrider rydt yn Ljouwert mei mes en drugs

Yn Ljouwert is tiisdei in scooterrider oanholden dy't in mes in 10 gram hasj by him hie. Fierder hie de 16-jierrige bestjoerder fan de scooter ek noch gjin rydbewiis. De jonge ried nachts om 0.30 oere oer de Coopmansstraat en makke in soad leven. Nei kontrôle en fûllearring folge de oanhâlding. De scooterrider hat ferskate bekeuringen krigen.