De toan fan Froukje Sijtsma: "Op fakânsje mei Buienradar"

"Myn freon en ik soenen op fakânsje nei Liechtenstein. Tegearre twa wiken mei de kamper op 'e strún. Mountainbikes efterop en efkes lekker de de tiid ferjitte. Mar it waard gjin fakânsje yn Liechtenstein en de tiid stie eins ek gjin momint echt stil.
We begûnen ús reis yn Dútslân. Fan dêrút soenen we dan ôfsakje nei Liechtenstein. Yn de omjouwing fan Winterberg koe ik dan moai myn nije mountainbike ris útprobearje. As it teminsten net te folle reine soe, mar dat die it dy dagen wol yn Dútslân en trouwens ek yn de rest fan Europa.
De toan fan Froukje Sijtsma
Geregeld tsjekten myn freon en ik op ús telefoan hoe't stoartbuien en ûnwaar harren ûntwikkelje soenen. Neat gjin mountainbiketochten op de dolle rûs of spontaan te lang op in terraske bliuwe. Wy moasten op plande tiden fytse en rom op 'e tiid werom nei de camping om foar te kommen dat we yn in oeren duorjende reinbui bedarje soenen.
Wikenlang rein is fansels gjin ideaal fakânsjewaar, mar je kinne je der mei reinklean en Buienradar aardich op ynstelle. En soms moatte je de plannen gewoan oanpasse. Foar Liechtenstein stie der sa folle rein op it program, dat wy it ferfolch fan ús fakânsje útstippelen oan de hân fan Buienradar. Yn hokker plakken foel it minste rein of wie der noch in kânske op wat sinne? En sa bedarren wy mei tank oan Buienradar op plakjes dêr't wy oars miskien nea kaam wienen.
Dochs wie der wat opfallends oan de hân. Oeral waarden wy bewust makke fan de tiid. Yn de buert fan de prachtige Dútske stêd Heidelberg stienen we op in moaie camping oan it wetter. Hearlik sliepe yn de bûtenloft mei streamend wetter op de eftergrûn.
Mar sneintemoarn om healwei sânen skrokken we wekker en sieten we rjochtop yn bêd. De tsjerkeklokken waarden let. Logysk foar in snein, mar wêrom sa betiid? Mar ek de folgjende moarn wie it wer betiid raak.
Op de folgjende camping yn Frankryk, yn de buert fan Nancy, lieden de klokken dan wer oant jûns let troch. En wienen it net de klokken, dan wienen it wol de strieljagers dy't de minsken nachts bewust makken fan de tiid.
Buienradar liede ús fierder op ús trochreis. Fan Nancy lutsen wy noardliker nei in skattich doarpke ûnder de stêd Amiens. It doarpke hie twa tsjerken waard ús al rillegau dúdlik.
De iene klok wie elts kertier koart te hearren. Op it hiele oere sloech er faker, mar altyd in oar oantal as it oere dat de wizers oanjoegen. De klok fan de twadde tsjerke wie altyd in setsje letter as dy fan de earste. En wêr't de iene oant nachts trije oere trochliede, naam de oare klok it moarns betiid wer oer.
Wat foar boadskip soenen de kloklieders ôfjaan wolle? Moat de minsk miskien rekken hâlde mei nije en oare tiden fan fakânsjefiere? Want de minsk kin him miskien fan alles yn de kop helje en planne wolle, mar it soe op fakânsje wolris Buienradar en de natoer wêze kinne wat de klokt slacht."