Barklune en Grutte Pier: Bernlef bliuwt it fertroude stikje yn Grins foar nije Fryske studinten

KEI-wike yn Grins © Bernlef
No't de KEI-wike yn Grins losbarst is, ferwolkommet ek Bernlef har nije oanwaaks. Wat makket dizze studinteferiening Frysk, en wêrom omearmje jongeren ek yn Grinslân dit stikje Heitelân? "It is noflik om it fertroude op te sykjen."
It is mids augustus en dus stiet Grins yn it ramt fan de KEI-wike. Jongeren út ferskate provinsjes komme fan 14 oant en mei 18 augustus yn 'e kunde mei harren nije stêd en meistudinten. Op 'e drompel fan in nij haadstik.
Friezen sille dêrmei ek ôfskied nimme fan harren fertroude taal en kultuer. Hoewol: in part fan dizze groep kiest derfoar om him yn Grins yn te skriuwen by FFJ (Feriening foar Fryske Jongerein) Bernlef. Want ek dêr stiet dizze wike de doar wagewiid iepen foar de nijbakken 'Stadjers'.

Fryske les en Beerenburg

Dirk Jan Reiding (28), foarsitter fan Bernlef, fertelt oer it Fryske karakter fan de feriening. De woartels fan Bernlef binne der goed sichtber, seit er. "Sa is der de 'Fryske saak'. Dêrút komt fan alles fuort wat mei Fryslân te krijen hat."
As foarbylden neamt er Fryske sprekkers, lykas heechlearaar Arjen Versloot, ynterim-heechlearaar Fryske taal en kultuer, en it folgjen fan Fryske les. "Sels ha ik der Frysk skriuwen leard."
Foarsitter Dirk Jan Reiding © Bernlef
Oant safier it edukative Fryske part. Ek op it mêd fan alkoholynname spilet de provinsje in promininte rol. Sa keare de studinten harren om 00.00 oere ta Makkum. Foar de gelegenheid 'it Mekka fan Fryslân'. "We sjonge dan it Frysk folksliet en slaan dêrnei in gleske Beerenburg achteroer. Yndie, fan Sonnema."
En dan is der noch it ferneamde barklunen. "Dat giet sa: yn it midden fan de bar stean twa bierkes. De twa dielnimmers moatte dêr sa gau as mooglik oer de bar hinne sjen te krûpen. Dejinge dy't it bierke as earste opdrinkt, wint."
De dekoraasje yn it pân oan de Túnstrjitte docht ek tinken oan It Heitelân. Sa is de ferljochting yn de foarm fan pompeblêden en hinget der in replika fan it swurd fan Grutte Pier.
Oan ûntgrienjen dogge we dan ek net. Dat past net by ús.
Dirk Jan Reiding, foarsitter fan Bernlef
Studinten dy't net fan ferplichtingen hâlde, kinne ferromme sykhelje. De soas is iepen op tiisdei, tongersdei (aktiviteitejûn) en freed. "Mar alles is hjir út frije wil. Bernlef is in iepen en tagonklike feriening. Oan ûntgrienjen dogge we dan ek net. Dat past net by ús."
It ferkassen nei in oare stêd betsjut foar de studinten in nij begjin. Jongeren mei in lidmaatskip by Bernlef lykje lykwols ek graach it bekende fêsthâlde te wollen. "In soad fan de leden sykje op dizze wize it fertroude op. Se binne tusken lykstimden", seit Reiding. "Opgroeie yn deselde provinsje, dat soarget foar ferbining."

Thúsgefoel

Ien fan de 115 leden is Marly Visser (25). De Dokkumer sleat har by de KEI-wike fan 2018 oan by de studinteferiening en is der net mear fuortgien. Foar har is Bernlef in moaie oanfolling foar de rest fan har sosjale libben yn Grins.
Marly Visser © Marly Visser
"It is net sa dat ik allinnich mar Fryske minsken om my hinne wol. Ik tref bûten Bernlef ek minsken op de universiteit, stúdzjeferiening en by it sporten", seit se. "Mar Fryslân is ek wichtich foar my. Dat thúsgefoel hjir fyn ik moai."
It binne trouwens net allinnich Friezen dy't harren thús fiele by Bernlef. "Der komme hjir alle jierren ek wer studinten fan bûten de provinsje. Meastentiids binne dat jongeren út bygelyks Twente of de Achterhoek. Dat matcht meastentiids goed mei Friezen."
We lieten it Frysk folksliet spylje út de Martinitoer wei. Dat waard net troch elkenien wurdearre.
Marly Visser, lid fan Bernlef
It is bekend dat in part fan de Grinslanners in rivaliteit fielt wat Fryslân oangiet. Dochs fernimt Visser dêr net folle fan. Utsein dy iene kear yn 2020. "Foar de Voedselbank betellen we 2.650 euro om it Fryske folksliet spylje te litten út de Martinitoer wei. Dat waard net troch elkenien yn tank ôfnommen."
Net folle letter stie der 'Fuck alle Friezen' op de foardoar fan Bernlef kalke. "Mar fierder falt it bot ta hear."

KEI-wike mei Piter Wilkens

Bernlef komt alle jierren mei in oar programma foar de KEI-wike. Dizze edysje, mei as tema 'sinne, see & soas', wachtet de dielnimmers ûnder mear in beare-toernoai, spultsjes, in kroegetocht, in Mario Kart-toernoai, en in optreden fan de Doelleazen.
It iennige wat alle jierren op de list stiet, is in optreden fan Piter Wilkens; de Ljouwerter komt al sûnt 1981 sjongen op de 'soas'.
Visser fynt de KEI-wike alle jierren in hichtepunt. "We geane dan del by Bernlef om de boel gesellich te meitsjen en te helpen mei it iten. Oars as oars binne we dan in kear allegear tegearre", seit se. "En we moetsje fansels mooglik nije leden om mei te barklunen."